Galema (CDA) oer formaasje Wetterskip: "As it sa giet, dogge wy net mei"

It cv fan Sjoerd Galema © Omrop Fryslân
As formateur Klaas van Weperen earst nei de ynhâld sjoen hie en net nei de popkes, dan hie de útkomst fan de formaasje fan Wetterskip Fryslân hiel oars wêze kind. Dat seit Sjoerd Galema, listlûker en fraksjefoarsitter fan it CDA. "It wie in brike proseduere."
It CDA falt bûten de koälysje yn it wetterskip. Dizze wike waarden de fiif beëage leden fan it nije deistich bestjoer bekend makke. Sy wurde nei foaren skood troch de BBB, Water Natuurlijk, PvdA, FNP, VVD en de twa fêste fraksjes (lânbou en natuer).
Dat it CDA der net by hearre soe, kaam net mear as in ferrassing. "We seagen dit wol oankommen, mar it docht yn guon opsichten wol sear." Galema doelt benammen op de wurkwize fan formateur Klaas van Weperen. "Der giet in hiel soad net goed."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Sjoerd Galema.
Werom nei de formaasje. "Yn ús earste petear ha we sein dat we in soad te bieden hienen foar de koälysje. Elkenien stie fansels mei de eagen te knipperjen nei de dikke winst fan de BBB. No binne dat bêst yntegere minsken, mar se ha net in soad ûnderfining. We ha suggerearre om ien fraksje mei de BBB te foarmjen, om se op sleeptou te nimmen."
Mar Galema skrok derfan dat Van Weperen al in eventueel deistich bestjoerslid fan it CDA fûn hie. "Hy kaam mei in frou oansetten dy't it dwaan moast. Sy wie ek CDA-lid, wie dus al frege en se hie ek tasein. Doe is der in hiel soad druk op ús set om dat te akseptearjen. Mar wy ha sein dat we mei sa'n proseduere net út de fuotten koenen. We fûnen it in ûnfatsoenlik foarstel."
Sjoerd Galema fynt it raar dat formateur Van Weperen al sa gau mei 'de popkes' dwaande wie
Dat it CDA úteinlik hielendal bûten it nije deistige bestjoer falt, hat neffens Galema dus net in soad ynhâldlike redenen. "Ik wit dat de BBB ús der wol by ha woe. Mar sy ha Klaas van Weperen as formateur nei foaren skood en dy is folslein mei syn eigen aginda en syn eigen minsken oan de slach gien."
"Sa fernuveret it my net dat der in relatyf soad Stellingwervers yn it deistich bestjoer komme (twa fan de fiif, red.). Van Weperen hie syn eigen minsken klearstean. Dat mei, mar dan moatte we it der wol oer ha. Dy minsken, ûnder wa in CDA-lid, wienen lykwols al benadere. No, as it sa giet, dogge wy net mei."
Ik ha al even kontakt hân mei de oare opposysjefraksjes, wy karre dizze proseduere ôf.
Sjoerd Galema
Mar ek no't de formaasje klear is, giet der neffens Galema in soad net goed. "De opposysje wurdt hielendal net belutsen, we witte fan neat. Doe't ik fan 'e wike de útnûging krige om yn It Polytburo te kommen, hearde ik oan de telefoan dat der in nij bestjoer komt. Mar wy wisten fan neat."
De opposysje bestiet aanst út it CDA, de Partij voor de Dieren, ChristenUnie en BVNL. Dy ha mar fiif leden mei-elkoar. "Mar we binne wol goed foar 83.000 stimmen. En dochs wurde we nergens yn kend."
"It is bysûnder dat soks no fia de media giet. Ik gun de media elke primeur, mar wy binne keazen bestjoerders. Ik ha al even kontakt hân mei de oare opposysjefraksjes, wy karre dizze proseduere ôf."
Hy hat noch in foarbyld: "Moandei is der in parsekonferinsje, dan sil Van Weperen wat fertelle oer it koälysje-akkoart. Mar de keazen bestjoerders yn it algemien bestjoer witte wer fan neat. Dat is allegear net sa sjyk."
De opposysje wurdt net belutsen by de proseduere, seit Sjoerd Galema
Hoe't it ek komt, Galema sit de kommende fjouwer jier dus net yn it deistich bestjoer, mar yn it algemien bestjoer. As lid fan de opposysje.
"Ik ha der wol nocht oan. Opposysje fiere hoecht net sa yngewikkeld te wêzen mei dizze koälysje. Dy koälysje sit fol mei tsjinstelling: Water Natuurlijk en de BBB, kinne dy troch ien doar? Wy kinne se moai teste, elke kear wer."