FryslânDOK 'Unkrûd bestiet net': "Je bent alleen maar bezig of iets wel of niet kan"

Douwe Beimin © Froukje van Wengerden
Douwe Beimin helpt minsken dy't it dreech hawwe. Hy lêst brieven, bringt klean en docht boadskippen. Hy harket en oardielet net. Net oer wat minsken net kinne, wêr't se weikomme, hoe't se tinke en libje. De FryslânDOK 'Unkrûd bestiet net' fan Froukje van Wengerden is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Douwe Beimin ken de ferhalen fan de minsken achter de sletten doarren en suterige gerdinen. Hy is ien fan de lêste ûnôfhinklike opbouwurkers fan Ljouwert en oprjochter fan Stichting PAS Fryslân (Platform Armoede en Schulden).
Mei syn âlde reade auto rydt er troch de stêd en giet by ferskate minsken mei net folle jild del om te helpen.
Kylie van Schaik © Froukje van Wengerden
"Het is lastig uit te leggen in woorden hoe het is om in armoede te leven, het is niet alleen maar het zeggen. Het is ook vooral het voelen ervan", leit Kylie van Schaik út. "Het is elke dag zien hoe het komt, of de kachel aan kan. Je bent alleen maar bezig of iets wel of niet kan en dat de hele dag door."

Berchskuon

Se fernimt oan har bern dat se der net echt by hearre. By it Leger des Heils kaam se in pear berchskuon tsjin foar har jongste dochter. "Ze zijn heel praktisch, lekker warm en ze gaan lang mee. Het was toevallig haar maat, daar was ik heel blij om, maar alle kinderen in haar klas zeiden 'wat heb jij voor schoenen aan'. Terwijl ze zelf heel blij was dat ze andere schoenen had."
Om't se finansjele soargen hat, is it lestich om mei de takomst dwaande te wêzen. "Ik kijk nu per uur en niet verder eigenlijk."
Dima Daba © Froukje van Wengerden
Op syn rûte giet Douwe by de Syryske Dima Daba del. Sy waard op har 14de al mem nei't se úthoulike wie. No wennet se mei man en twa bern en in tredde op komst yn in lyts appartemint yn Heechterp-Schieringen. Douwe bringt har klean en guod foar de poppe. Se past sels in jaske en is der wiis mei dat it past.
Se nûget Douwe op syn jierdei út foar in miel by har thús. En fertelt dat se hopet op in bettere takomst foar har bern.
Kees Dijkstra © Froukje van Wengerden
Ek moetsje we Kees Dijkstra. Mei Douwe nimt er de post troch en besprekke se syn sûnens. Kees hat lêst fan de knibbel, mar doart net nei it sikehûs. Hy is benaud dat him dat jild kostet. "It sikefûns is ek sa djoer, dan bin ik alles yn ien kear kwyt. As se de eigen bydrage fan 350 euro derôfhelje, bin ik 14 dagen myn iten kwyt."

Bernetaslach

As allinnesteande heit kin Peter van Ewijk net mear rûnkomme no't syn soan 18 jier is en de bernetaslach ferfalt. Hy freget him ôf wêrom't net ien ynstânsje him deroer ynljochte hat dat der wat feroarje soe.
"Daar is totaal geen vangnet voor. Als je kind 18 wordt, ben je zo 500 euro kwijt. En de gemeente weet heel goed wanneer een kind 18 wordt."
Renaline Jacoba © Froukje van Wengerden
Renaline Jacoba komt fan Kurasao en moast deroan wenne dat yn Nederlân safolle regels binne. "Je krijgt heel veel brieven. Nederland is best een rijk land met goede sociale voorzieningen", seit se. "Maar vaak zie je dat het niet voor iedereen is, we missen dat er op een individueel niveau wordt gekeken."
De siswize dat jild net gelokkich makket, dêr is se it net mei iens. "Geld is belangrijk. Met geld kan je alles makkelijker maken in je leven. Als je geen geld hebt, is je leven echt niet makkelijk. Alles draait om geld."
Op inisjatyf fan Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân is de teäterfoarstelling BINGO! ûntwikkele en rûnom spile, yn it Nederlânsk en Frysk. Nei ôfrin fan it stik oer earmoed en iensumheid wie der romte om oer it tema te praten. Omrop Fryslân stjoert de foarstelling, dêr't Tamara Schoppert yn spilet, mei de krystdagen út.
Besjoch alfêst in fragmint
Fragmint Bingo!
Douwe Beimin oardielet net. "Ik sjoch se ek wolris fytsen mei in kret bier achterop of ik sjoch se roken. Wat kostet dat allegear wol net. Wierskynlik ha se ek noch hûn. Ik fyn dat minsken dêr sa maklik oer oardielje, wylst se gjin idee hawwe hoe't sa'n libben derútsjocht. Stean dêr earst mar ris by stil en freegje minsken hoe't it libjen yn earmoede is."
Douwe Beimin bringt guod © Froukje van Wengerden
"Hoe kom ik oan iten, kin ik myn bern moarn te iten jaan, krij ik moarn gjin skuldeaskers op de stoepe?' Dat binne saken dy't je mei de minsken stikje foar stikje oan de keukenstafel ôfpelle moatte. We neame dat groanyske stress. It is ien fan de grutste belemmeringen om oare stappen te dwaan, bygelyks om help te sykjen."

Optimist

Hy neamt himsels in optimist. "Ik hoopje fansels dat it better wurdt, mar de sifers sprekke dat tsjin. De earmoed wurdt grutter en ek de kleau tusken earm en ryk. Ik doch myn bêst, no kin ik minsken helpe en dat doch ik dan ek."
Froukje van Wengerden oer har FryslânDOK
FryslânDOK 'Unkrûd bestiet net'
Sneon 20 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.18 oere)
Snein 21 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.