WEROMBLIK: De earste Omropbylden fan it Frysk Strjitfestival

It Fries Straatfestival lûkt alle jierren in soad folk nei de binnenstêd fan Ljouwert. It programma is yn de earste jierren allinne op sneontemiddei en -jûn, mar groeide letter út ta foarstellingen op meardere dagen.
Yn 1994 komme der sawat 45.000 minsken nei de fyftjinde edysje. Der is muzyk fan rockabilly oant house. It publyk wurdt fierder traktearre op akteurs, clowns en bern dy't in ynstrumint bespylje.
Yn de Ljouwerter binnenstêd gûnze it op 28 maaie 1994 fan de ludike en kreative aktiviteiten
1995
Besikers kinne op 27 maaie 1995 op 22 lokaasjes yn Ljouwert genietsje fan akrobatyk, muzyk en oare optredens.
Terraskes, optredens en in gesellige sfear, by it strjitfestival fan 1995
1997
Der binne wer tûzenen minsken dy't op it jierlikse strjitfestival en it moaie waar ôfkomme. It programma sit sa fol dat it festival wol twa dagen duorje kin, neffens de organisaasje.
Op 31 maaie 1997 wie de Ljouwerter binnenstêd wer it dekôr foar tsientallen teater- en muzykacts
1998
It Fries Straatfestival is yn 1998 ûnderdiel wurden fan de earste edysje fan Sirkus Ljouwert. De besikerstallen foar it nije evenemint bliuwe earst ûnder de ferwachtingen, mar op de dei fan it strjitfestival is it as fanâlds drok yn it sintrum fan Ljouwert.
Op 19 septimber 1998 wurdt it strjitfestival as ûnderdiel fan Sirkus Ljouwert yn de hjerst hâlden
It Fries Straatfestival bestiet al mear as 40 jier en is in fergees tagonklik evenemint yn de binnenstêd fan Ljouwert. Op strjitte binne kreative aktiviteiten lykas akrobaten en jongleurs te sjen, en der binne oeral lytsskalige muzyk- en teäterfoarstellingen.
It strjitfestival is altyd tusken Himelfeartsdei en Pinkster. Om de iuwwikseling hinne hat it festival in pear jier yn septimber west, doe't it ûnderdiel wie fan Sirkus Ljouwert. Dy formule mei gruttere teäteracts op bysûndere plakken is nea útgroeid ta in evenemint fan alluere en it strjitfestival fynt dêrom fan 2003 ôf wer yn de maitiid plak.