V.V. Holwerd mei 75 kearskes útblaze en fiert dat mei in jubileumwykein

V.V. Holwerd bestiet snein eksakt 75 jier. Om dat te fieren hat de fuotbalklup in spesjaal jubileumwykein organisearre, foar jong en âld.
It feest begjint freed al mei in resepsje, in lêzing fan de bekende skiedsrjochter Bas Nijhuis en livemuzyk. Foar eltsenien dy't oait belutsen wie by de klup is der sneon in reüny, noch foar de wedstriid tsjin V.V. Noordbergum. Snein folget noch in fuotbalclinic: in oantal Ajax-trainers komt nei Holwert om de jongerein it ien en oar te learen.
"Foar âld-leden is de reüny it moaiste dit wykein. Mar as spiler fan it earste sjoch ik der sels nei út om de wedstriid te spyljen, nei alle gedachten mei in soad publyk", seit Karst Vrieswijk, dy't it wykein mei organisearret.
Vrieswijk is der grutsk op dat V.V. Holwerd altyd noch de holle boppe wetter hâldt. "Je fernimme wol dat klups hieltyd lytser wurde en gjin earste alvetal mear op 'en bien bringe kinne. Wy hoopje dat wy dat foar bliuwe kinne en mei syn allen derfoar soargje dat dit bestean bliuwt. Want it soe skande wêze as sa'n moaie klup ferdwynt."