Drachtster (24) krijt wurkstraf foar mishanneling en bedriging mei in mes

In 24-jierrige Drachster is 60 oeren wurkstraf oplein om't er ferline jier in man mei in mes efterfolge en mishannele. Ek moat hy him behannelje litte en komt er ûnder tafersjoch fan reklassearring.
It slachtoffer wie in bekende fan de Drachtster. It slachtoffer soe op de ramen bonke hawwe en sein hawwe dat er in pistoal by him hie. De Drachtster soe dêrnei nei bûten gien wêze om syn húshâlding te beskermjen, sa ferklearre de fertochte.
It ferhaal fan it slachtoffer wie lykwols oars. Hy wie nei it hûs fan de fertochte gien om in rûzje út te praten. Doe't er seach dat de Drachtster in mes út de ôfwaskmasine helle, sloech er op 'e flecht. De fertochte sloech him tsjin de holle, wêrnei't it slachtoffer foel. Dêrnei waard er yn it gesicht slein en skopt.
De noas wie brutsen en de lippen fan de man leine iepen. De rjochter gie mei yn it ferhaal fan it slachtoffer en feroardiele de Drachtster foar swiere mishanneling en bedriging. It slachtoffer hat in skeafergoeding fan 1.250 euro tawiisd krigen.