Rykswettersteat wiist op faretikette, tsjin ferhuftering op it wetter

Rekreanten op it wetter kinne wol wat mear rekken mei inoar hâlde, fynt Rykswettersteat. Mei de kampanje 'Vaar, geniet, zwaai, repeat' wurdt omtinken frege foar de regels op it wetter.
Rykswettersteat hat koartlyn ûndersyk dien ûnder rekreanten op it wetter. It die bliken dat de helte fan de respondinten argewaasje hat oer it gedrach fan oare minsken op it wetter. "Recreatievaarders ergeren zich vooral aan andere recreatievaarders", leit Suzan Maas fan Rykswettersteat út.
Positive kampanje
Dêrom set Rykswettersteat mei de kampanje 'Vaar, geniet, zwaai, repeat' útein, dat minsken wize moat op de faretikette.
"We wilden het wat luchtig insteken", fertelt Maas. "Een repeterende boodschap met het genieten en het zwaaien om het wat luchtiger te maken en de gehaaste, jakkerende schippers wat tot bedaren te brengen."
Yn it ferline pakte Rykswettersteat dat oars oan. "We probeerden jarenlang om de regels meer onder de aandacht te brengen. Maar het werkt niet als je alleen zegt 'doe dit niet, doe dat niet.' Het is net als bij kinderen: als je zegt dat ze niet op de bank mogen springen, doen ze dat juist. Daarom pakken we het anders aan."

It giet der om hoe't je krekt in slûskolk trochfarre, mar ek dat je fatsoenlik nei inoar wiuwe op it wetter. Likegoed formele as ynformele regels dus. "Zwaaien is een vriendelijk gebaar, maar het betekent ook dat je elkaar echt gezien hebt. Dan weet je dat je plek op het water ook door de ander gezien is."
Rekreanten ûnderfine faak in ûnfeilige situaasje as der beropsfeart yn de buert is. Mar ek drokte en oare 'farweibrûkers' smite gefoelens fan ûnfeiligens op.
Stypje begjinnelingen
Maas hopet foaral dat skippers mei wat mear ûnderfining de begjinnende skippers stypje. "We doen echt een beroep op de wat meer ervaren recreant, zij herkennen vaak de onhandige beginnende schippers wel. Help ze, pak een touwtje aan, help met de stootkussens."

Rykswettersteat stjoert mobyl ferkearslieders it wetter op, dy't ynformaasje jaan kinne oer farregels. Dy jouwe foarljochtingen en warskôgingen, mar kinne ek hanthavenje as dat nedich is. Te hurd farre is de oertrêding dy't it faakst foarkomt, mar Rykswettersteat sjocht ek faak dat net eltsenien goed syn of har plak op de farwei wit.
Nuvere kaprioalen
Foardringe by in slûs, oare boatsjefarders gjin romte jaan, ferkearde karren mei bakboard en stjoerboard. Guon minsken helje nuvere kaprioalen út op it wetter. Mar om in skip oant 15 meter of in skip dat net hurder giet as 20 km yn it oere te bestjoeren, hawwe je net in farbewiis nedich.
Maas: "We zien gelukkig steeds meer bootverhuurders een soort schipperstraining aanbieden van bijvoorbeeld een uurtje. Misschien mondjesmaat, maar het begint te komen."