Eksmoarre better berikber troch nije ferbining mei de rotonde yn de N359

It is foar Eksmoarsters in stikel yn 'e foet: de oansluting mei de N359 by Boalsert. Troch de drokte dêr komme auto's net goed fia de Alde Rykswei op de provinsjale dyk. Dêrom ferbynt de gemeente it doarp mei de rotonde yn de N359.
Foar auto's is it somtiden dreech om fan de Exmorraweg de Alde Rykswei op te riden, want der steane faak auto's foar de ferkearsljochten.
It krúspunt (Marnezijl) wurdt noch oanpakt. De trochstreaming is min op dat plak en de ferkearsynstallaasje is oan ferfanging ta. De ferkearsljochten komme te ferfallen en der lizze plannen foar in nije rotonde.
Eksmoarre hoecht dêr lykwols net op te wachtsjen, want de Exmorraweg krijt dus in nije oansluting op de provinsjale dyk fia de rotonde besuden de A7. Nei de simmer set it wurk útein.
Foar fytsers en fuotgongers feroaret der earst neat, sy bliuwe de besteande rûte brûken en kinne mei de ferkearsljochten de dyk oerstekke.