Anty-LHBTI-fandalisme yn Kollum: reinbôgebankje bekladde en kwetsende teksten pleatst

It bekladde reinbôgebankje © RTV NOF, Sake Beerstra
It bankje yn reinbôgekleuren dat woansdei pleatst is oan it Nieuwpad yn Kollum, is bekladde mei swarte ferve. En der steane ferskate leuzen om it bankje hinne, wêrûnder 'Gay = niet OK'.
Wethâlder Rebecca Slijver is ferbjustere. "It makket my fertrietlik en lilk tagelyk. Fernielingen oan mienskiplike eigendommen binne noait akseptabel, mar it bekladzjen fan dit bankje docht ús as gemeente ekstra sear."
Slijver: "It bankje is der delset om sjen te litten dat wy in feilige en gastfrije gemeente binne, foar al ús ynwenners en besikers. Dit fandalisme kin derfoar soargje dat minsken wer werom de kast yn geane."
De gemeente Noardeast-Fryslân is sûnt oktober ferline jier offisjeel in reinbôgegemeente. Gemeenten dy't dat binne, meitsje belied foar de akseptaasje fan minsken yn de LHBTI-mienskip. As ûnderdiel dêrfan steane yn Dokkum bygelyks twa reinbôgebankjes, en sûnt woansdei dus ek ien yn Kollum.
It ûntbleatsjen fan it bankje yn Kollum waard woansdei al bewust sober holden. "Dat ha we yn oerlis dien mei de reinbôgewurkgroep fan de gemeente, want oars ûnderfine se noch mear geweld. Earder binne der al reinbôgeflaggen stellen bygelyks. En by minsken út de wurkgroep wurde kondooms mei ynhâld yn de brievebus smiten."
LHBTI-belied is nedich.
Wethâlder Rebecca Slijver
Earder fan 'e wike binne de twa bankjes yn Dokkum ek al swart ferve. It sil de gemeente net tsjinhâlde om foar LHBTI-akseptaasje te striden. "We sille trochgean mei wat we dogge, dat is nedich."
De gemeente sil oanjefte dwaan. It is net bekend wa't ferantwurdlik is foar it fandalisme. Slijver hopet dat de plysje dêrachter komme kin en dat der kamerabylden binne.
De technyske tsjinst sil it Kollumer bankje kommende wike skjinmeitsje.