Nei trije oeren binne de HT-roeiers oankaam yn de Skylger haven

De roeisloepen ûnderweis nei Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Nei trije jier koene de sloeproeiers lang om let wer los. Yn tsjinstelling ta ôfrûne jier is it waar dit jier wol goed genôch om fan start te gean. Betûfte roeiers en nijelingen yn 140 sloepen makken har fan 'e moarn op om rjochting de Brandaris te roeien.
"Er heeft zich een gezonde spanning van mij meester gemaakt", bekent Marcel Schafer, roeier fan de sloep fan de stêd Kampen. Hy neamt himsels in 'HT-maagd' en sil dit jier foar it earst meidwaan. "Daarna mag ik de sterke verhalen vertellen."
Hendrik Spek, Pascal Slager en Marcel Schafer fan de stêd Kampen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De stjoerman fan de sloep, Hendrik Spek, hat al wol seis kear meidien en is bliid dat sy wer meie: "Het mooie is dat het anders dan alle andere sloeproeiraces is, het is de enige op zee. Het hele weekend is bijzonder, dat begint donderdagavond al, als iedereen hier aankomt. Het is niet alleen keihard roeien maar ook een kunst om te sturen om de boeien heen."

Noardeastlike wyn

Neffens waarman Jan Jonkman hiene de roeiers better fan 'e moarn al begjinne kind. De wyn kin fan 'e middei oanhelje oant wynkrêft fiif en komt út it noardeasten. Fierder is it waar prachtich. "De roeiers moatte der om tinke dat sy net ferbrâne sille", seit Jonkman.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In tredde roeier út Kampen, Pascal Slager, is in bytsje huverich foar de wyn: "Dan heb je hem in het schuitengat verkeerd staan, dat wordt nog wel een dingetje." Mar syn stjoerman slacht de twivel al gau fuort: "Als het zwaar wordt, dan wordt het gewoon op karakter roeien."
De groep traint twa kear yn de wike op de IJssel. Dy is wat flakker mar de streaming is der net minder op neffens de mannen. Schafer sjocht de tocht posityf yn: "Als we het Schuitengat maar door komen is de Brandaris dichtbij, en het eerste koude pilsje ook."

Lyts giel boatsje

Sloepen fan alle formaten kinne meidwaan, sa ek de Wetterspetter út Grou. "Wy sille wol net winne, dat sjochst wol oan ús lytse, giele boatsje. Mar we komme oan de oare kant, dêr giet it om", seit roeier Annemiek Mens.
De Brandaris is yn sicht © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It moaie foar har is it momint nei de race: "It noflike is as je aanst op Skylge rinne en tinke kinst: ik bin hjir gewoan hinne roeid. Dat is in moaie ûnderfining."