Dútske herders as grutte freonen: "Zij zijn er altijd voor me"

Tiny de Vries mei har hûn © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Foar de 66-jierrige Tiny de Vries fan Menaam is Himelfeartsdei in topdei. Se komt yn aksje op de saneamde leafhawwersdei fan Dútske herdershûnen yn Ljouwert. "Duitse herders zijn lief en trouw. Het zijn mijn beste kameraden."
De Vries kuieret op it fjild fan de Dútske herdersklup Frisiana oan de Simon Vestdijkwei tusken tsientallen oare leafhawwers. Dêr moatte de hûnen ferskate oefeningen dwaan. Se litte sjen hoe linich se binne en hoe't se in boef pakke en net mear loslitte. Net foar neat brûkt de plysje herdershûnen as se optrede moatte.
Leafhawwersdei foar Dútske herders
Ek is der in bistedokter oanwêzich om de sûnens te kontrolearjen en tips te jaan. Want de hûnehannel is somtiden in tsjustere wrâld, fertelt bestjoerslid Roald Nefs fan Frisiana.
"Het gebeurt vaak dat mensen gewoon een hond kopen op Marktplaats. Ze weten dan niet waar ze aan beginnen. Een hond nemen, is niet niks, het dier wordt onderdeel van het gezin."

Hûnen jouwe treast

Dêr kin Tiny de Vries oer meiprate. Se groeide op tusken de herders en doe't se âlder waard, troude se mei in man mei deselde passy. Dy man kaam te ferstjerren en Tiny bleau allinne efter. "Maar mijn honden hebben me door deze verdrietige tijd gesleept. Ze waren er altijd voor me en voelden precies aan wanneer ik troost nodig had. Dan kwamen ze bij me liggen."
Byld fan de leafhawwersdei fan Dútske herders © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Vries hat har libben wer oppakt en yntusken ek wer in nije leafde fûn. "Het grappige is dat hij een katteman is, maar sinds hij mij kent, is hij ook gek op herders. Dus dat kan niet meer stuk."