25 opfarrenden rêd fan sylskip Leafde fan Fryslân by Flylân

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De KNRM, de brânwacht en rederij Noordgat hawwe tongersdeitejûn dwaande west mei in rêdingsaksje. Yn de buert fan Flylân rekke it skip 'Leafde fan Fryslân' yn de problemen.
Wetter rûn by it skip nei binnen. Minsken fan de brânwacht moasten oan board om it wetter wei te pompen.
De Leafde fan Fryslân wurdt brûkt foar cruises en eveneminten. De opfarrenden binne fan board helle.
Omdat de hotels op Flylân fol sitte, waarden se nei Harns brocht. Dêr stie in bus klear om se nei in hotel te bringen. Oan it begjin fan de nacht wie it skip wer stabyl.
It skip is yntusken nei Harns ta helle.