Keunstner Gerrit Breteler ferstoarn

Gerrit Breteler © Omrop Fryslan
Keunstner Gerrit Breteler is yn de âldens fan 68 jier ferstoarn. Breteler wie in mearsidich keunstner: njonken de skilderkeunst utere hy him ek yn muzyk, sang, gedichten en it skriuwen fan toanielstikken.
Gerrit Breteler waard berne yn Enschede en kaam as 13-jierrige jonge mei syn Twintske heit en Fryske mem nei Fryslân. Al jong fielt hy him oanlutsen ta de byldzjende keunst.
Hy studearre yn 1975 cum laude ôf oan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Breteler wie in man fan it ambacht. As skilder wurke hy yn de tradisjonele styl fan de 17e iuw. Hy eksposearre yn Nederlân, Dútslân, Ingelân en Frankryk. Breteler makke ek in soad portretten yn opdracht.
Keunstner Gerrit Breteler is ferstoarn
Breteler wie sjonger en spile ferskillende ynstruminten lykas gitaar, fluit, fioele en akkordeon. Mei Eelke Scherjon en Douwe Sipma foarme hy yn de jierren '70 de groep Kneppelfreed. Yn 1994 rjochte hy de muzykgroep "Fling" op dêr't hy oant 2002 benammen Ierske folksmuzyk mei brocht.
Gerrit Breteler en Miranda van Kralingen yn 'Oer de Seedyk' (2008) © Omrop Fryslan
Mei Ernst Langhout spile hy yn Haggis en ek yn The Hones. Letter naam it Frysk in hieltyd grutter plak yn. Breteler makke poëtyske Frysktalige lieten dy't hy sels song en faak ek sels begelate. It resultearre yn twa cd's mei Frysktalige lieten: 'Lit ús dêrom drinke' (2004) en 'Katarsis' (2012). Yn 2017 ferskynde de cd 'Stil' mei Fryske nûmers, mar ek in pear Ingelske covers.
De lieten 'Op een dag', 'Lit ús dêrom drinke' en 'As it jo wil is' binne al jierren werom te finen yn de Fryske Top 100.
Keunstner Gerrit Breteler (2020) © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Syn ynspiraasje helle Breteler út it plattelân. Syn soarch om it efterútgean fan it Fryske plattelân wie in tema dat faak weromkaam yn syn wurk. It teäterspektakel 'Oer de Seedyk' (2008), spile oan de waadkant fan de seedyk by Moddergat, gong oer it ferdwinen fan de âlde fiskerij en lânbou.
Foar teäterstichting Achmea Culpa skreau hy fjouwer Frysktalige teäterfoarstellings wêryn't mei in soad humor, selsspot, tragyk en it nedige moralisme kritysk sjoen waard nei de hjoeddeiske maatskippij. De stikken draaie om in kastleinepear spile troch Gerrit Haakma en de frou fan Gerrit, Anke Bijlsma.
Gerrit Breteler (2009) © Omrop Fryslan
It maatskippijkrityske siet ek dúdlik yn it stik 'De Oerbliuwers' (2018) dat Breteler skreau foar Stichting Iepenloftspul Harkema. In ferhaal basearre op de suggestje om alle bewenners yn de trije noardlike provinsjes te ferhúzjen nei de Rânestêd.
In stel Harkiten wol dat net en se bouwe harren eigen lytse maatskippij. Krekt in tema foar Breteler: hoe moatte we omgean mei elkoar en mei de planeet? Bestiet der in ideale mienskip?
De maatskiplik belutsen Breteler die yn 2022 mei oan de Twadde Keamerferkiezings. Hy stie 6e op de list fan de nije partij NLBeter. De partij kaam net yn de Keamer.
Gerrit Breteler wie siik, hy hie hertfalen yn it lêste stadium. Hy lit in frou, soan en dochter efter.
Op snein 7 maaie fertelde Gerrit Breteler yn it radioprogramma Buro de Vries oer syn sykte, syn libben en de dea. It folsleine petear is hjirûnder werom te finen:
Harkje hjir nei Gerrit Breteler