Huzum en Bitgum winne keatserij op Himelfeartsdei

It partoer fan Huzum wint yn Dronryp © Dijks Media
De froulju fan Huzum hawwe de ôfdielingspartij yn Dronryp wûn. Annelien Broersma, Anna-Dieuwke Dijkstra en Marrit Zeinstra fersloegen Makkum yn de finale mei 5-4 6-6.
Makkum, mei Gerde Lycklama à Nijeholt, Anouk Smink en Larissa Smink, bea Huzum goed tsjinstân, mar de beslissende slaggen foelen út yn it foardiel fan de Huzumers.
Earder yn it toernoai skeakele Huzum al Sint Anne, Easterein en Mantgum út. Mantgum en Marsum ferlearen de heale finales en einigen dus as tredde.
Foar Huzum is it de twadde ôfdielingspartij dy't se dit seizoen winne. Earder wûn it partoer ek al yn Frjentsjer.

Bitgum wint by de manlju

Ek de manlju keatsten tongersdei in ôfdielingspartij. Foar harren wie der in wedstriid yn Tsjummearum. Yn de finale stienen Bitgum en Minnertsgea tsjinoer elkoar.
Bitgum mei Paul Dijkstra, Tjisse Steenstra en Hans Wassenaar wie úteinlik mei 5-3 6-4 te sterk foar de Minnertsgeasters Marten Bergsma, Jacob Wassenaar en Hendrik Kootstra.
It tredde plak wie foar it partoer fan Baard mei Geert Reitsma, Klaas Gerrit Meulenaar en Stefan van der Meer.