HEA! It skildertalint fan Henk Tichelaar

HEA! Frachtweinsjauffeur wurdt keunstner
Op de deibesteging yn Stiens is Henk Tichelaar faak de lêste dy't fuortgiet, sa giet hy op yn syn skilderwurk. De eardere frachtweinsjauffeur kin mar mei ien earm wurkje, mar dat wjerhâldt him net fan it meitsjen fan it iene nei it oare skilderij. Bisten en lânskippen binne syn favorite ûnderwerpen.
17 jier lyn waard Tichelaar achter it stjoer fan syn frachtwein rekke troch in harsenblieding. Hy koe feilich út de wein komme, mar wie wol rjochtssidich ferlamme. De sjauffeur waard ôfkard foar syn wurk.
No giet Tichelaar trije kear wyks nei de deibesteging, dêr't hy syn skildertalint ûntduts. Ien fan syn wurken, skûtsjes op it wetter by Grou, wol hy no graach feile foar it goeie doel.