Punkrock yn 'e kibboets wiisde Jan Switters de goede wei
Jan Switters hat syn paadsje wol skjinfage as studiobaas en muzikant. Oant de dei fan hjoed ta draait er oan de knoppen foar ferskate produksjes: fan muzyk foar froulju yn ferwachting oant rûge punkrock.
By in freon plaatsjes draaie op dy syn souderkeamer. Dat wie it plak dêr't Jan Switters syn leafde foar muzyk ûntstie. Om nei in pear bierkes fierder te gean nei bar-dancing Napoleon op De Lemmer, achter 'de wiven' oan.
Mei puntskuon oan, in bloeske en in jaske deroerhinne, gong er op stap. Want it wie doe noch ien en al disko wat de klok sloech. Manlju en froulju dûnsen yn in rige tsjinoer inoar. "Ik gie der altyd dwers troch hinne. Dat fûn ik folle leuker", seit Switters. Miskien wie dat wol in foarteken fan it feit dat it tusken him en disko net lang duorje soe. Hy fûn it te glêd en netsjes.
Punk yn de kibboets
"Nei in skoftke kotste ik dy swietsappige soulteksten út. It wie allegearre sa leaf." Doe't er yn in kibboets yn Israel seit, wist er it ynienen. "Ik wie op in feestje en dêr hearde ik The Stranglers. Hurde muzyk en teksten oer de rauwe werklikheid. Doe wie it foar my dúdlik: dit is it."
In konservatoriumachtergrûn wie bepaald net nedich. As der mar leven út kaam.
Werom thús pakte er de drumstokjes op en begûn er yn Ljouwert syn earste muzykgroep. "It wie doe noch hiel simpel. In konservatoariumachtergrûn wie bepaald net nedich. As der mar leven út kaam", laket er.
"As ik it no weromharkje tink ik, wat in takkeherje. Mar ja, it paste ek wol wat by de tiidsgeast. Ynplugge en de bûk deryn."
Murder Inc en Kädävérbäk
Hy siet op de hts, mar hâlde dêr nei twa jier mei op en rjochte him hielendal op de muzyk. Sa spile er ûnder oare yn Murder Inc 2 en Murder Inc 3, en Kädävérbäk. Nei de drums pakte er ek de gitaar op en de sang.
Letter kaam dêr syn wurk as producer by. Benammen hurde rockbands wisten it paad nei syn studio yn Gau te finen. Dochs hat er ûnderwilens in grut ferskaat oan muzyksoarten útbrocht. Ek sjenres dy't miskien net fuortendaliks oan Switters tinken dogge.
Muzyk foar froulju yn ferwachting
"Ik haw ûnder oaren in cd makke foar froulju dy't befalle moatte. Myn buorfrou Bregje wie mem wurden, en kaam op it idee om wat op te nimmen dêr'tsto har praten hearst en tagelyk sêfte muzyk klinkt. Om sa froulju yn 'e goede stimming te krijen foar it befallen", fertelt er.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei 1 op 1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
Dêrneist klonken der ek kristlike koaren, sprutsen wurd en berneferskes yn syn studio. "Mar", seit er, om misferstannen foar te kommen, "dochs foaral bikkelhurde muzyk."
Brân yn 'e punkpleats
Switters syn studio siet altyd yn de ferneamde wenpleats fan Ernst Langhout, yn Gau. In bolwurk fan muzyk en feesten. Yn febrewaris bruts dêr brân út. Fan de pleats bleau neat oer. Alles wie platbaarnd, wêrtroch't Switters sûnder studio kaam te sitten.
"We binne dwaande mei de boel wer op te bouwen sa't it earst wie. De noazen fan de bewenners steane deselde kant op, dus ik ha der fertrouwen yn dat dat goed komt."
Tsja, ik woe al 'ûntspulle'. Dus dy brân hat my dêr aardich mei holpen.
Underwilens wennet er no yn in tiny house op tsjillen op it terrein fan de 'punkpleats'. In aardige oanpassing. "Tsja, ik woe al 'ûntspulle'. Dus de situaasje hat my dêr aardich mei holpen." Dan, op serieuze toan: "Yn in healoere wie alles fuort wat ik hie. Alle dagen sjit dy brân my noch wol efkes troch de holle."
Benefytkonserten yn it Bolwerk
Yntusken hoecht Switters him net te ferfelen. Sa draaide er op Keningsdei yn Meppel en wie er dwaande mei in produksje fan in Queen-tributeband. Ek stiet er aanst sels op de planken, by de foar him en foar Ernst Langhout organisearre benefytkonserten, op 20 en 21 maaie yn it Bolwerk yn Snits.
Geast fan achttjin jier
Nettsjinsteande dat jierren ek foar him troch telle, fielt er him goed. "Ik gean trije kear yn de wike nei de sportskoalle. Dat helpt. Seker yn tiden fan stress."
"En geastlik fiel ik my noch achttjin", seit Switters. "Dat komt troch al dy jierren muzyk meitsjen en feesten op de pleats. Dat hat ús allegearre jong holden."
De top 5 fan Jan Switters
Artyst | Nûmer |
Ministry | Jesus Built My Hotrod |
Discharge | Hear Nothing, See Nothing, Say Nothing |
Human Alert | Kerk en Staat |
Dead Kennedys | Too Drunk to Fuck |
The Stranglers | No More Heroes |