KAART: Swimme yn iepen wetter kin wer, dit binne de offisjele plakken

Swimme yn de simmer © Shutterstock.com
It is no noch foar de echte leafhawwers, mar stadichoan geane de temperatueren omheech en dan sil it wer smoardrok wêze op de ferskate swimplakken troch hiel Fryslân. De provinsje hat dit jier 53 iepen swimwetterlokaasjes oanwiisd.
Dy 53 lokaasjes wurde fan 1 maaie oant en mei 1 oktober kontrolearre op wetterkwaliteit. Wetterskip Fryslân docht dat op 34 plakken, Rykswettersteat op de 19 oare plakken (Iselmar, Waadsee en Noardsee).
Dy kontrôles binne wichtich, want hjittere simmers en ekstreem waar soargje foar in hegere kâns op sûnensklachten by smoarch wetter. Dat kin gean om swimmersjokte, pineholle en mage- en termklachten.
Hâld foar de aktuele tastân fan de lokaasjes zwemwater.nl en de Swimwetterapp yn de gaten. Op it stuit binne der bygelyks in pear plakken dêr't it swimmen ôfret wurdt fanwegen blau-alch.
As der wat mis is, dan wurdt dat oanjûn op blauwe ynformaasjebuorden by de lokaasjes. Dat kin in warskôging wêze of sels in negatyf swimadvys.