Drokke jûn foar gemeente Ljouwert mei 40 sprekkers oer nijbou by Hounspolder

De Hounspolder © Omrop Fryslân, Willem de Vries
It is wol dúdlik fat de diskusje oer de Hounspolder noch libbet yn Goutum. By in ynformaasjejûn fan de gemeente Ljouwert sille mar leafst 40 persoanen ynsprekke.
De gemeente is dwaande mei plannen om huzen te bouwen njonken de polder. De bewenners binne dêr absolút net foar. By in petysje, dy't in skoft lyn holden waard, hawwe 2.000 minsken harren ûnfrede kenber makke. Goutumers fine it in moai stik lân, skande om fol te bouwen, mar ek natuerorganisaasjes hawwe beswieren. Sa soe in greidefûgelgebiet faai stean.
40 ynsprekkers by ynformaasjejûn oer de Hounspolder
Sietske Inberg fan Miljeudefinsje Ljouwert is ien fan dy sprekkers: "Wy sjogge de needsaak fan it bouplan net. Wat derfoar opoffere wurdt, komt nea wer werom. En mei it lytse draachflak dat der foar dit plan is, liket it ús gjin goed plan om it troch te setten."

Fûgelkompensaasje

It is belied fan de provinsje om by sokke plannen in kompensaasjegebiet foar greidefûgels te finen. Pas dan mei de skeppe de grûn yn. De gemeente hâldt dêr yn de plannen rekken mei en hâldt in buffersône njonken de polder oan.
Neffens Inberg foldogge dy plannen net: "De gemeente ornearet hieltyd dat it briedgebiet kompensearre wurdt. Wy hawwe swier ûndersyk dien, alles is op 'e nij útrekkene, mar dat kloppet gewoan net."
Foar de gemeente is it in flinke put om 40 sprekkers in plak te jaan op de gearkomste. De sprekkers binne opdield yn fjouwer blokken fan tsien. Nei eltse tsien sprekkers, kinne de riedsleden fragen stelle. Gewoanwei is dat nei eltse fraach.
"Wy hawwe yn it foar tsjin de minsken sein dat se 3 minuten ynsprektiid hawwe", seit griffier Hans van der Heide, "Der sitte nei alle gedachten wol wat dûbelingen in, dy't mooglik skrast wurde kinne. Miskien wurdt it ek wol wat ymprovisearje, we sille sjen hoe't dat giet."
De gearkomste wurdt hâlden yn de skoalle IKC Teresa, yn de buert fan de polder. De gemeente wol graach mear de wiken yn. Der is plak foar krekt mear as 60 persoanen, de gearkomste is ek online te folgjen.
De ried lit him op de gearkomste fan woansdei ynformearje. Woansdei 24 maaie is der in debat yn de rie oer de plannen. By de tredde gearkomste wurdt der in klap op jûn, mei eventuele amendeminten en moasjes.
As it plan wol trochgiet, binne likegoed de Goutumers as de natuerorganisaasjes fan doel om nei de Ried fan Steat te stappen.