Rjochter leit "stevige straffen" op oan relskoppers SC Cambuur

Plysje by it Cambuurstadion © ANP
De rjochter hat inkele "stevige straffen" oplein oan relskoppers dy't harren misdroegen hawwe by trije ynsidinten mei oanhingers fan SC Cambuur yn 2021.
It giet om rellen by it kampioensfeest fan SC Cambuur, ûngeregeldheden yn it sintrum fan It Hearrenfean en in 'arranged fight' tsjin supporters fan Heracles Almelo.
Woansdei die de rjochter útspraak tsjin 18 fertochten yn dizze kwestjes. De straffen fariearren fan moannen finzenisstraf oant 120 oeren taakstraf. Ien fan de fertochten waard frijsprutsen.

'Publike domein'

"De gewelddadigheden vonden plaats in het publieke domein. Het publiek loopt daardoor kans slachtoffer te worden van deze gewelddadigheden, die niets te maken hadden met liefde voor de club. Ze schaden juist de club", sei de rjochter.
Hy kaam ta de konklúzje dat eardere opleine straffen net holpen hawwe en dus: "Zijn stevige straffen meer dan op hun plaats."
Ien fan de fertochten joech fuort oan yn heger berop te gean tsjin syn straf.