Charda Kuipers (GrienLinks): opposysje yn Steaten hat grutte ynformaasje-achterstân

Charda Kuipers (GrienLinks), mei op de achtegrûn de PVV-fraksje © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De formaasje fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten kin in stik transparanter. Dat seit GrienLinks yn Provinsjale Steaten. De fjouwer beëage koalysjepartijen BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie ûnderhannelje op basis fan in tsjok ynformaasjedossier fan 124 siden, dat makke is troch de amtlike top fan de provinsje.
Yn dat dossier steane alle útdagingen en jildstreamen op in rychje. De opposysje yn de Steaten hat dat dy ynformaasje net krigen en hat dêrtroch neffens fraksjefoarsitter Charda Kuipers fan GrienLinks in grutte ynformaasje-achterstân.
"We hebben een mooie brief van formateur Oebele Brouwer gekregen over het proces, maar qua inhoud tasten we nog in het duister", seit Kuipers.

"Niet gelijkwaardig"

"In het formatiedossier zijn alle keuzes die de provincie moet maken netjes uitgewerkt. Nu hebben alleen de onderhandelende partijen die informatie. Dat is niet gelijkwaardig; alle partijen hebben die informatie nodig."
Kuipers frege woansdei yn it presidium - it oerlis fan alle fraksjefoarsitters - om it ynformaasjedossier iepenbier te meitsjen, mar krige net fuortendaliks antwurd op har fersyk.

'Sa transparant mooglik'

As it stik net iepenbier makke wurdt, sil GrienLinks besykje om der in mearderheid foar te finen yn Provinsjale Steaten. Kuipers fynt fierder mar nuver dat se hjir apart om freegje moat, want by it begjin fan de formaasje ferklearre de BBB dat de partij 'sa transparant mooglik' formearje woe en ek besykje woe om dêr de net-koälysjepartijen by te belûken.
GrienLinks sil meikoarten wol mei formateur Oebele Brouwer om tafel om de ideeën dy't de partij ynstjoerd hat foar it nije kolleezje te bepraten. Yn it presidium waard it fersyk fan GrienLinks fuortendaliks stipe troch fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP.
Harkje nei Charda Kuipers