Plysje taseret Ljouwerter dy't rydbewiis net sjen litte woe

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat in taser brûkt by de oanhâlding fan in automobilist, dy't neffens de plysje agressyf wie. Dat barde nei't plysjes it rydbewiis fan de 32-jierrige Ljouwerter kontrolearje woenen.
De bestjoerder krige in stopteken om't er him opfallend gedroech. Doe't de aginten fregen om syn rydbewiis, woe er dat net jaan. Nei't de man syn 4-jierrige bern yn syn wenning brocht hie kaam er werom en soe er agressyf dien ha rjochting de plysje. Dêrop waard de man tasere en yn de boeien slein.
De bestjoerder krige in bekeuring foar it net sjen litten fan in rydbewiis en it hawwen fan in ûnjildich rydbewiis.