Djouke út Langsweagen is no kroecheigener yn Dútslân: "Wat wolle je noch mear?"

© Omrop Fryslân
Fan in hús yn Langsweagen nei in kroech yn Dútslân. Djouke Lycklama á Nijeholt (25) makke de omslach. No wennet sy al hast twa jier mei har man Robin yn ús buorlân en soe net oars wolle: "In frijsteand hús, wat wolle je noch mear?"
Djouke is opgroeid yn Langsweagen en wennet no al oardel jier tegearre mei har man Robin yn Elsoff, Dútslân. It stel is al 6,5 jier tegearre en binne al trije jier troud. It wie troch Robin syn wurk dat it pear emigrearre.
As fleantúchmonteur koe er maklik wurk fine, oeral yn de wrâld is wol fraach nei minsken mei syn berop. Foar Djouke en Robin waard dat Elsoff, in doarpke dat in oerke riden leit fan Frankfurt en in oerke fan Keulen.
"Myn man wurket yn de fleantugen en wy sochten in fleanfjild dus dêr binne wy belâne. Fleantugen moatte ek nei de APK dus dat docht hy dan." It binne lytsere jets dêr't Robin oan wurket, "Dus net fan dy grutte boeings", fertelt Djouke.

Wat oars

Foar de COVID-perioade wie it plan al 'wat oars' dwaan te sillen. De grutte stêd Amsterdam like Djouke neat, mar Dútslân hat wol altyd in plakje yn har hert hân, omdat sy der faak op fakânsje gie.
De kroech fan Djouke en har man Robin © eigen foto
In aparte stap wie it net foar it stel, mear famylje wennet yn it bûtenlân. Elshoff leit tusken de heuvels, dat is ek wat Djouke sa moai fynt oan it wenjen yn Dútslân, de natuer. "Alle seizoenen binne hjir skitterjend. En it waait hast nea, dus as it waarm is, is it ek echt lekker waarm."
In oar foardiel oan Dútslân binne de relatyf goedkeape huzen. In frijsteand hús wie altyd al in winsk foar it stel en yn Dútslân slagge dat, no wenje sy sels yn in âlde kroech. Alles hawwe sy oernaam, oant de glêzen en it ynterieur ta. Sels wenje sy boppe de kroech. "De huzejacht wie wat makliker hjir, wy hawwe no in moai frijsteand hús, wat wolle je noch mear?"

Kroech

De âlde kroech sil it stel ombouwe nei wenhús, mar dêr sit in grutte seal by. Op dit stuit is it noch in opslachromte mar wa wit sil it ferhierd wurde yn de takomst, seit Djouke.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Djouke en Robin wenje yn it heuveleftige Dútslân © Omrop Fryslân
Djouke wurket as pedagogysk meiwurker op in berne-opfang mei twa- oant seisjierrigen. Sy leart de bern wat en de bern leare har wer de Dútske taal. "En fan de kollega's lear ik fansels ek wat", laket sy. Krekt as yn Nederlân is der in tekoart oan minsken yn de berne-opfang. Dêrom wie de opfang al hiel bliid mei Djouke, ek al koe sy de taal noch net goed prate.
Wat Djouke mist oan Langsweagen? "De kei yn it weilân, dy hast hjir wat minder." Gelokkich reizget it stel hast alle trije moannen yn fjouwer oerkes mei de auto wer werom nei Fryslân. "Ik gean altyd mei in laits de grins oer en kom ek faak mei in laits wer werom."