De toan fan Froukje Sijtsma: "Russetid, 17 dagen feestje yn Noarwegen"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hjoed, op 17 maaie, by de nasjonale feestdei yn Noarwegen, komt der ek in ein oan de Russetid: in bysûndere Noarske tradysje dy't neat te krijen hat mei Ruslân, mar alles mei eineksamenlearlingen dy't trije wiken lang feestje en losgean. En dan net pas nei harren eksamens, mar krekt yn de dagen dêrfoar.
Yn Nederlân kinst it dy net foarstelle dat skoalbern yn de wiken dat se blokke moatte foar har eineksamens, harren in pear wiken lang te bûten gean oan alkohol, drugs en seks. Yn Noarwegen, it lân mei de grutste wolfeart fan de wrâld, dogge se dat wol.
Twa fan myn fjouwer sussen wenje al jierren mei harren partners en bern yn Noarwegen. Hjoed fiere sy dus ek de nasjonale feestdei. Op syttende mai, of ek wol Grunnlovsdagen wurdt fierd dat der yn 1814 oerienstimming berikt waard oer de Noarske grûnwet. En de Russen, sa't de feestfierende learlingen hjitte, drinke hjoed harren lêste drankjes op harren sa bysûndere Russetid.
De toan fan Froukje Sijtsma
De Russetid set alle jierren op 1 maaie útein. It feest, dat bedoeld is om de middelbere skoaltiid ûnferjitlik ôf te sluten, begjint mei de Russedoop: de brânwacht spuitet alle eineksamenlearlingen wiet. Russen werkenst oan de kleure overallen dy't se drage. De kleur is ôfhinklik fan de stúdzjerochting dy't de learlingen op de middelbere skoalle folge hawwe.
It ferhaal giet dat dizze overall 17 dagen lang net wasken wurde mei. En dat wylst der in hiel soad saken yn barre. Sa moatte Russen bysûndere opdrachten útfiere om russeknutter, te fertsjinjen. Bewiisstikken foar it útfieren fan opdrachten, dy't se oan harren petsje hingje kinne. Hoe mear knopen, hoe mear respekt.
En dy opdrachten liege der net om, bygelyks bier drinke mei skjinne tamponnen yn de mûlshoeken of feilige seks hawwe op it middenstik fan in iepenbiere rotonde. Of in pornofilmke yn de klasse sjen en dwaan oftst fergetten bist datst de eardopkes net oansetten hast, likelang oant ien dy dêr op wiist.
De Russen binne foaral ûnder skoalbern hiel populêr. Sy sparje nammentlik de persoanlike fisitekaartsjes dy't de Russen op strjitte útdiele. Op sa'n kaartsje stiet in foto fan de eineksamenlearling mei in sels betochte tekst dy't faak smoarch of dubeldsinnich is. Bygelyks: 'It is better om spyt te hawwen fan saken dy'tst dien hast, as fan saken dy'tst net dien hast'.
Net eltsenien fiert it like oerdwealsk, mar guon, en dan faak de wat rikere, bern, pakke hiel grut út. Se keapje bygelyks mei in ploechje in Russebus, in mei graffity fersierde partybus mei grouwe muzykynstallaasjes en soms sels priveesjauffeur.
Troch de mienskip en nijsmedia wurdt der alle jierren fansels wer oer praat en diskusjearre. Want wêrom soenen se trochgean moatte mei dizze 100-jier âlde tradysje wêrby't tiners harsels bleatstelle oan oermjittich gebrûk fan drank en drugs en boppedat folslein útputte oan de eineksamens begjinne?
Om fan soa-eksploazjes noch mar te swijen. Al skreau de Noarske media dizze wike ek oer kristlike Russen, dy't opdrachten útfiere sûnder alkohol, drugs en seks. Yn plak fan drank hawwe se bygelyks challenges mei it drinken fan rouwe aaien.
Oant no ta bestiet de Russetid noch altyd. Myn twa susters en harren húshâldingen fiere hjoed foaral in feest mei bern dy't yn nasjonale dracht yn optocht rinne en mei Noarske flachjes swaaie en ûnbegrinze woarstjes en iisko's ite meie.
Mar elk jier tinke se der grif hieltyd mear oer nei hoe't de 17 maaie wêze sil at harren bern op in stuit ta binne oan harren eineksamens en de Russetid."