Jurist helpt Dronryp troch regeldoalhôf foar optocht mei fersierde weinen

Fersekeringen, ferkearsregelers, flechtrûten: it is troch nije regeljouwing dreger wurden om in optocht mei fersierde weinen te organisearjen. Alles moat op papier fêstlein wurde. Yn Dronryp woene se de optocht by it doarpsfeest tsjin alle prizen trochgean litte. Al moast der wol in jurist oan te pas komme.
Oan de Puoldyk yn Dronryp binne se al sûnt febrewaris oan it wurkjen oan harren wein. Ien fan de bouwers is Germ van der Kooi. Hy fynt it skande dat de optocht foar guon doarpen ferlern gien is. "Je prate wer op in hiele oare wize mei-inoar. It jout in hiele moaie bining yn it doarp."

Ferline jier koe it follybaltoernoai bygelyks mar kwealik dielnimmers fine. Dit jier rint it oer fan de teams. En dy komme benammen fan de bouploegen, om't minsken inoar by it bouwen better kennen leare. De optocht mei de weinen wurdt yn Dronryp iens yn de fiif jier organisearre, yn it lustrumjier.
Oan de Puoldyk binne se drok oan it bouwen oan harren wein
Fanwege de nije regeljouwing moat der in stek fan ien meter om de wein hinne, sadat je der minder maklik ôffalle kinne. "We fine it altyd wichtich dat de bern fan de strjitte derop kinne. Dus we moatte soargje dat de bern yn in sitsje sitte, dat se mei in riem fêst kinne", seit Van der Kooi.
Mar de measte feroaringen binne der net op it mêd fan de weinen sels, mar alles deromhinne. "Oan fergunningen en rûten. Dat alles ôfdutsen is. Dat der kontakt is mei de ambulânse en brânwacht, wêr't dy lâns moatte. Dat is allegearre wol lestich. En wat de gemeente foaral ek freget, is dat je alles oan fersekeringen ôfdutsen hawwe", leit Syds Wiersma út, de foarsitter fan VvV Sjirk de Wal, de organisator fan it evenemint.
Twivels
In behoarlike opjefte foar in frijwilligersorganisaasje. De feriening hat sels twivele oft it wol te organisearjen wie. "Dat hawwe we natuerlik wol ris sein: 'ik wit net oft dit allegearre wol goed komt'. Mar we kamen hieltyd lytse stapkes fierder", seit Wiersma.
Foar de lêste stapkes waard in jurist ynhierd, dy't soarge dat en kontrolearre oft alle fergunningen en fersekeringen op oarder wienen. De bestjoersleden wolle foarkomme dat sy sels oanspraaklik binne as der wat bart. Dat kostet aardich wat jild, en dat is fansels net foar alle doarpen op te bringen. Dêrneist hat Dronryp in soad frijwilligers mei ûnderfining.

Wiersma begrypt dan ek wol dat der doarpen binne dy't it net mear rûn krije kinne. Op De Pein bygelyks hawwe se it earder dit jier ôfsein. "Ja, dat snap ik hiel goed. Wy hawwe as foardiel dat we as feriening al in entiteit binne", seit Wiersma.
"Wy hawwe fersekeringen, wy hawwe in struktuer. Wy sitte by de Keamer fan Keaphannel. Wy hawwe frijwilligers dy't witte hoe't it moat en harren dêrfoar ynsette. Dêrtroch kinne wy dat wol foarinoar krije, mar is it foar in lytser doarp gewoan net mear te dwaan."
Evenemintekoördinator
Foar takom jier hat de gemeente Waadhoeke in evenemintekoördinator oansteld. "We hoopje dat dy ús 'wegwijs' meitsje kin yn de wrâld fan fergunningen", seit Wiersma. Hy hopet dat it op dy wize ek foar lytsere doarpen wer mooglik wurdt om bepaalde eveneminten te organisearjen.
Der stiet de optocht fan Dronryp foar dit jier yn elk gefal neat mear yn it paad. De optocht, mei ûngefear 25 weinen, stiet pland foar nije wike sneon.