Jumbo-supermerk yn Ljouwerter wyk Camminghaburen kin net mear iepen nei grutte brân

De Jumbo-supermark yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen dy't yn april troffen waard troch in grutte brân giet net mear iepen. By de brân is safolle skea ûntstien dat it op 'e nij iepenjen fan de supermerk gjin opsje is.
Troch de brân waarden santjin apparteminten boppe de supermerk ûntromme. De brânwacht krige it fjoer gau ûnder kontrôle, mar yn de supermerk wie in soad skea.
Mei it sluten fan de Jumbo bliuwt der noch mar ien supermerk oer yn de wyk.