Piet Adema yn de Twadde Keamer oer it lânbou-akkoart: "Het is nog niet klaar"

Piet Adema yn de Twadde Keamer © Omrop Fryslân
"Het is nog niet klaar", sei minister fan Lânbou Piet Adema tiisdei yn de Twadde Keamer oer it lânbou-akkoart. Mar de petearen geane wol fierder. "Alles is nog in beweging. We zijn nog aan het onderhandelen."
Adema sil woansdei wer fierder prate mei partijen as LTO en de jonge boeren fan NAJK oer in lânbou-akkoart. De ynset dêrby is it berikken fan in 'tuskenresultaat', dat foar it berekkenjen fan de te berikken effekten trochstjoerd wurde kin nei it Planbureau voor de Leefomgeving.
Guon media publisearren tiisdei al ûnderdielen fan in konsept-lânbouakkoart. Adema hat dêr argewaasje fan. "Ik baal daar enorm van. Lekken maken het proces niet gemakkelijker."

"Broedende kip"

It lânbou-akkoart hat, neffens de taljochting fan de minister, twa doelen. In takomstperspektyf foar de agraryske sektor en in dúdlike bydrage fan de sektor oan natuerdoelen. Koartsein: it lânbou-akkoart moat ekologysk en ekonomysk duorsum wêze. "Ik streef naar een voldragen akkoord met draagvlak en zover zijn we nog niet."
De linkse partijen GrienLinks, PvdA, SP en Partij voor de Dieren yn de Twadde Keamer fine dat it allegearre fierstente lang duorret. Twadde Keamerlid Laura Bromet fan GrienLinks har geduld is op. Sy wol in ein meitsje oan Adema syn fergadersirkus en kaam dêrom yn in mei in moasje mei in nije deadline. As der gjin akkoart leit foar 17.00 oere op tiisdei 23 maaie, moat Adema de petearen stopsette en alles dat it kabinet ôfprate woe fêstlizze yn wetten en regels.
Piet Adema yn debat mei Laura Bromet (GL) oer it lânbou-akkoart
Adema reagearre op Bromet troch har moasje te ûntrieden. De minister fertelde yn de keamer ek dat er, yn gearwurking mei minister Sigrid Kaag fan Finânsjes, yn petear is mei de Rabobank oer in finansjele bydrage oer it transysjefûns foar de lânbou. "We zijn een broedende kip, en die moet je niet storen."