Aris krijt noch gjin lisinsje, 'mar gjin reden ta soarch'

© Dijks Fotografie
Aris is ien fan de twa basketbalklups wêrfan't de lisinsje-oanfraach foar takom seizoen noch net goedkard is. Dat meldt de BNXT League.
De Ljouwerters moatte noch stikken oanleverje en krije dêr in goede moanne foar. Neffens foarsitter Theo Joosten fan Aris is der gjin reden ta soarch. "Het gaat om wat administratieve zaken, daar gaan we mee aan de slag." Hy rekkenet derop dat dat allegear goedkomt.
De lêste dei dat der noch lisinsjes takend wurde, is op 20 juny.
Njoggentjin klups ha yntusken wol goed nijs krigen. Dat binne de tsien Belgyske klups út de BNXT League plus Kortrijk Spurs, de ploech dy't kampioen wurden is op it twadde nivo yn België. Fan de Nederlânske topklups ha allinnich Aris en Apollo Amsterdam noch gjin grien ljocht.