Ljouwert makket beswier tsjin ferkeap wen- en soarchpannen Habion

De Hofwijck © ANP
De gemeente Ljouwert makket beswier tsjin de ferkeap fan gebouwen dy't yn it besit binne fan korporaasje Habion. Dizze wenningkorporaasje hat ferskate gebouwen dêr't senioaren yn wenje en soarch krije kinne.
It giet yn totaal om 236 wenplakken op de lokaasjes De Hofwijck, Sint Jozef, Eezicht en De Helling. It foarnimmen stiet neffens it kolleezje heaks op it folkshúsfestingsbelied fan de gemeente en it Ryk.
Der is neffens it kolleezje bot sprake fan fergrizing en in grut ferlet fan moderne wenromte foar âlderein. It kolleezje sil letter dit jier formeel in negative sjenswize op de ferkeap jaan, mar it wol no al oan de belutsen partijen dúdlik meitsje dat de foarnommen ferkeap net winsklik is.
Earder woe Habion al Swettehiem ferkeapje. Dêroer kaam ek spul mei de gemeente. Uteinlik hat WoonFriesland Swettehiem doe oernaam en kinne de minsken dêr de kommende tsien jier noch wenjen bliuwe.