Troch keunstwurken fan wol kinne der aanst fûgels spot wurde yn Sânfurd

Om de natueredukaasje by it Greidefûgelparadys Sânfurd te ferbetterjen, hat keunstner Claudy Jongstra fiif wolfilten keunstwurken beskikber steld. Dy wurde tongersdei feild om in fûgelsjochhutte te realisearjen.
Sânfurd leit tusken Warkum en Aldegea en is foar it grutste part omjûn troch it wetter fan de Aldegeaster Brekken, de Flakke Brekken en it Ringwiel. Dat makket it ideaal foar greidefûgels.
It doarp sels bestiet út wat pleatsen, in pear huzen en in tsjerkje. Yn dat tsjerkje is op it stuit in eksposysje fan Claudy Jongstra, ynternasjonaal ferneamd om har filten keunstwurken.
In keunstfeiling yn Sânfurd
De polder efter Sânfurd is foar in grut part yn hannen fan it 'Rijke Weide Vogelfonds' kaam. Dat it boerelân no ekstinsyf en mei omtinken foar diversiteit brûkt wurdt, past yn de wurkwize fan Jongstra: "Ik sta achter hun ambitie met deze plek. Het gaat heel erg uit van herstel aan het land, van op een nieuwe manier naar onze omgeving kijken. En daar past een vogelkijkhut goed bij. Voor mij was het heel vanzelfsprekend om een aantal kunstwerken beschikbaar te stellen."
Ynspiraasje út Fryske natuer
De fiif keunstwurken binne mei de hân makke fan wol fan Fryske skiep en kleure mei natuerlike, biologyske kleurstoffen. "De inspiratie bij deze werken was letterlijk de natuur en de bodem." seit Jongstra, "Alles begint bij bodemvitaliteit en bodemkwaliteit. Alles wat ik doe heeft te maken met de bodem."
Mei de opbringst wol de stichting Sânfurd it âlde gemaaltsje oan de wâl fan It Hop mei op 'e nij brûkbere materialen ombouwe ta fûgelhutte foar greidefûgelgebiet Sânfurd, sadat besikers fan de greidefûgels genietsje kinne, sûnder se te fersteuren.
Ta de bûse
En sjen nei natuer soarget ek foar mear bewustwurding: "We zijn behoorlijk vervreemd van de natuur, als je dan in een vogelkijkhut het landschap ziet en wat er nodig is aan diversiteit, dan kweek je bewustzijn", fertelt Jongstra. "Het gaat heel erg over informeren, wil je echt een grote stap maken in je eigen leven naar die duurzame wereld."

Wa't ien fan de fiif wolfilten keunstwurken keapje wol, moat wol ta de bûse. It iepeningsbod leit op 12.000 euro. En dat hat in reden, neffens Jongstra: "Ik realiseer me dat dat stevige bedragen zijn, maar we zijn met zijn allen nu gewend aan textiel-knalprijzen. Het is handwerk, gemaakt in Nederland, biodynamische landbouw, processen die jaren duren, daar staat een bepaald bedrag tegenover."
Nije koers
Jongstra hopet dat der bedriuwen binne dy't bewust kieze om ien fan de keunstwurken oan te keapjen. "Daar hoop ik op, dat een bedrijf die zegt 'Ik omarm dit project. Daarmee ondersteun ik ook de nieuwe koers die we met zijn allen gaan inzetten op landbouw'."
De feiling is op Himelfeartsdei yn it tsjerkje fan Sânfurd.