Fúzje Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel miljoenen euro's goedkeaper as ûntflechting

De gemeenteried fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân
In bestjoerlike fúzje fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel is finansjeel sjoen de bêste opsje. Dat docht bliken út ûndersyk fan in ekstern advysburo, dat tiisdeitejûn oan de beide gemeenterieden presintearre wurdt.
In bestjoerlike fúzje soe de gemeenten foar ien kear sa'n 3,5 miljoen euro opsmite kinne, wylst ûntflechting fan de wurkmaatskippij ynsidinteel sa'n 8 miljoen euro kostet.
De hjoeddeiske wurkmaatskippij 8KTD, dêr't amtners foar beide gemeenten aktyf binne, wurket net nei tefredenheid. De wurkdruk is te heech, mei in soad ferrin en sykte as gefolch. De beide gemeenterieden fine dat dêr in strukturele oplossing foar komme moat.
As mooglike oplossing binne twa senario's ûndersocht: in bestjoerlike fúzje of ûntflechting fan de wurkmaatskippij. Earder die advysburo Berenschot dêr yn 2021 al ûndersyk nei. Tiisdeitejûn wurdt de nijste ferkenning fan de finansjele gefolgen fan it buro Lysias oan de rieden presintearre.

Untflechting bot djoerder

Ut it ûndersyk fan Lysias blykt dat de kosten by in ûntflechting fan de wurkmaatskippij bot heger binne as wannear't beide gemeenten bestjoerlik fusearje soene. As de gemeenten ûntflechtsje, binne de ynsidintele kosten mear as 8 miljoen euro. Struktureel soe ûntflechting jierliks sa'n 3 miljoen euro djoerder wêze as de hjoeddeiske situaasje.
Untflechting is neffens it advysburo ek 'folle komplekser' as in bestjoerlike fúzje. Foar allinne al it oanpassen fan de ICT-systemen by ûntflechting hat Lysias in kostepost fan sa'n 3 miljoen euro begrutte.
It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum. © RTV NOF
In bestjoerlike fúzje fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel smyt neffens it ûndersyk ien kear in bedrach fan sa'n 3,5 miljoen euro op. Dat hat der benammen mei te krijen dat de gemeenten by sa'n fúzje in útkearing fan sa'n 6 miljoen euro krije út it gemeentefûns.
Op de lange termyn kostet in bestjoerlike fúzje jierliks goed seis ton mear as de hjoeddeiske situaasje. Dat bedrach kin inkelde tonnen leger útfalle as ien fan beide gemeentehuzen op termyn sletten wurdt.
De ferkenning fan Lysias is útfierd op basis fan de finansjele sifers fan de wurkmaatskippij 8KTD en harren ûnderfiningen mei fúzjes en ûntflechtingen. Dêrneist hat it buro petearen fierd mei meiwurkers fan de wurkmaatskippij.
Lysias hat by de berekkeningen rekken holden mei in mooglike ôfwiking yn de kosten fan sa'n 15 persint. Utgongspunt by de berekkeningen is dat de ferdieling fan de kosten foar beide gemeenten 50:50 is.