HEA! De combines fan De Tynje
HEA! De combines fan De Tynje
De freoneploech fan De Tynje hat betocht om twa combines te keapjen. Dêr race se mei op wedstriden en de earste wedstriid stiet foar de doar. Mar der moat noch in soad ompiele wurde oan de masines. Dêrnei sil der testriden wurde.
Alle moandeitejûnen wurdt der oan de combines wurke mei de ploech. De manlju ha allegear sa harren eigen fakgebiet en dogge dan ek alles sels. No't it seizoen tichter by komt, nimme de kribels ta.
De kik is om sa'n grutte swiere, lompe masine ûnder kontrôle te hawwen. En it allermoaiste is it swiere lûd fan de weinen, dêr krije de manlju fan Racing4Tijnje pikefel fan.