Us lontsjes lykje hieltyd koarter te wurden: "Negatieve emoties zijn besmettelijk"

It supportersgeweld is de ôfrûne tiid tanaam © ANP
Rake klappen by VV Bûtenpost - DHSC en dit wykein in fjochtpartij by WTOC en Lions '66. En ek bûten de fuotbalfjilden lykje de lontsjes koarter te wurden. "Onze empathie richt zich op een kleinere groep", seit psycholooch Irma van Steijn.
Hieltyd faker komme spilers en supporters yn it nijs om't se harren boekje te bûten gean. De ûnderlizzende lilkens is der lykwols ek bûten de fuotbalfjilden, seit Irma van Steijn. "Je ziet het ook op werkplekken en bij gezinnen."

Negativisme en empaty

Neffens de psycholooch komt dat omdat it negativisme hieltyd faker de oerhân krijt. Se referearret oan professor Barbara Lee Fredrickson. Hja seit dat as it negativisme mear as fyftich persint fan dyn gefoel fertsjintwurdiget, de empaty foar de gruttere omjouwing ôfnimt. Dy empaty rjochtet him dan op in lytsere groep. De stam of groep dêr'tst by hearst, wurdt lytser.
"Wanneer het positivisme groeit, richt het verbindingshormoon oxytocine zich naar buiten. Mensen worden dan meer invoelend en liefdevoller: het stam-gevoel verbreedt zich", seit se. "Diezelfde oxytocine zorgt bij negativisme juist voor rivaliteit met de mensen buiten de stam."
Neem criminaliteit. Die neemt steeds verder af. Maar toch komen er meer berichten over in het nieuws.
Psycholooch Irma van Steijn
Neffens Van Steijn docht in domino-effekt it negativisme útdijen. It sterke omtinken foar it negative, tikket it earste stientsje om. "Neem criminaliteit. Die neemt steeds verder af. Maar toch komen er meer berichten over in het nieuws. Want ja, goed nieuws is geen nieuws."
It gefolch is neffens Van Steijn dat we sa yn in tunnel fan negativisme telâne komme kinne. "Er ontstaat dan een beeld van de samenleving dat niet klopt. Maar het is wel de bril waar we door kijken. Negatieve emoties zijn besmettelijk."
De wedstriid tusken VV Bûtenpost en DHSC ûntaarde yn in flinke fjochtpartij © Orange Pictures
"Daar komt bij dat sommige zaken nu ineens aan de oppervlakte komen. Zoals de stikstofkwestie. Twintig jaar geleden wisten we ook dat dat gaande was, maar nu pas is het crisis. Zulke onderwerpen kunnen voor spanningen zorgen. En dat werkt door in het gemoed."
Naweeën fan corona
Krekt as de coronakrisis, seit Van Steijn. In tiid wêryn't we troch de maatregels net folle dwaan koene en guon minsken sels harren baan kwytrekken. "Die periode heeft mede de situatie van nu gefaciliteerd", mient se.
Stel je voor dat een collega je een rotstreek levert. Je kunt het dan goed maken, maar het wantrouwen kan blijven.
Irma van Steijn
Dy ûnderfining om sa beheind te wêzen yn dyn dwaan en litten, skodzje we neffens Van Steijn net samar fan ús ôf. "Zoiets kan blijven hangen. Zeker omdat sommigen de overheid daarvan de schuld geven. Dat het inmiddels een aardige periode terug is, hoeft niets uit te maken", seit se. "Stel je voor dat een collega je een rotstreek levert. Je kunt het dan goed maken, maar het wantrouwen kan blijven."
De iensume coronatiid hat syn wjerslach op de omgongsfoarmen fan no, seit Van Steijn © Shutterstock
Ek kin it neffens har dreech wêze om alles ynienen wer op te pakken nei in tiid fan begrinzingen. "Jongeren konden niet sporten of afspreken met vrienden. Hoe ga je dan met elkaar om als dat allemaal ineens wel weer kan? Wat zijn de sociale regels? Je moet die weer heruitvinden."

It tsjingif

Om de tsjustere wolk fuortlûke te litten, moatte wy mear yn oanrekking komme mei positivisme, bepleitet Van Steijn. "Neem de voetbalfans. Die zien nu telkens geweld in stadions en op de velden. Dat slaat over." Neffens har soe it goed wêze as fans de foarside helje troch it organisearjen fan wat posityfs, lykas in goed doel. "Ze zien dan dat je ook op een andere manier betekenisvol kunt zijn."
Neffens Van Steijn is sjen nei it moais yn it libben in sterk tsjingif foar negativisme. "Je kunt dat oefenen. Blijf benoemen waar je dankbaar voor bent. Dat zorgt ervoor dat je na verloop van tijd weer mooie, positieve stappen de toekomst in zet."