Man (41) yn Snits omkommen troch misdriuw, plysje siket tsjûgen

In plysje © ANP
De persoan dy't tiisdei 9 maaie dea oantroffen waard yn in wenning oan de Molenkrite yn Snits is om it libben kommen troch in misdriuw. De plysje seit dêr genôch oanwizingen foar te hawwen.
De plysje docht noch hieltyd ûndersyk nei de tadracht fan it ferstjerren fan de 41-jierrige man. "We zijn op 9 mei een onderzoek gestart, daaruit is gebleken dat het gaat om een misdrijf", seit in wurdfierder fan de plysje.
Oanlieding om by de man del te gean wie in melding dat der gjin kontakt mei de bewenner makke wurde koe. De plysje hat de man doe dea yn de wenning fûn. "Waarschijnlijk is de man in de nacht van 4 op 5 mei om het leven gekomen."

Gjin fertochte

Der is noch gjin fertochte oanholden foar it misdriuw. De saak sil tiisdei behannele wurde yn Opsporing Verzocht. Dêryn wurdt ek in man omskreaun. "We denken dat deze man belangrijke informatie heeft. We komen graag in contact met deze persoon." Fierder ropt de plysje elkenien dy't tusken 4 maaie en no wat sjoen of heard hat op om har te melden.