Iepen Doar(p) krijt in ferfolch, dêr't Sjoerd Litjens in Frysk doarp foar siket

Sjoerd Litjens wurket oan in ferfolch foar 'Iepen Doar(p).' Goed fiif jier lyn makke er 129 portretten yn Feanwâldsterwâl. Hy wol dat no yn trije bûtenlânske en ien Frysk doarp foarinoar krije.
Yn de oanrin nei Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 wurke sjoernalist Sjoerd Litjens as projektlieder oan in bysûnder artistyk projekt: Iepen Doar(p). It idee wie om alle húshâldens fan Feanwâldsterwâl te portrettearjen, de ynwenners fan it doarp dêr't Litjens opgroeide.

It wie in sukses: hast alle ynwenners fan it doarp iepenen de doarren om har ferhaal te fertellen. It smiet in rige fan 129 ferhalen op, dy't te beharkjen, te besjen en te lêzen wiene. Omrop Fryslân stjoerde destiids de ferhalen ek út.
De libbensferhalen fan de ynwenners foarmen in biografy fan it doarp. It liet sjen wêrom't de bewenners fan it doarp wennen wêr't se wennen. Achter eltse foardoar fûn Litjens in boeiend ferhaal. It projekt waard dêrmei ek in tiidsdokumint en in oade oan 'De Wâl', it doarp dêr't Litjens op syn sechsde hinne ferhuze út Amsterdam wei.
Servië, Kroasië, Litouwen
Mar dêr bliuwt it net by, wat Litjens oanbelanget, want der komt in ferfolch: "SAVE. Dat stiet foar Stories from the Archipelago of Villages in Europe. Koartsein binne dat ferhalen fan in groep doarpen yn Europa."
"Dit siet al in skoftke yn it fet. Doe't we yn 2018 klear wiene mei Iepen Doar(p) wie der eins al de ambysje om te sjen oft it de grins oer koe", fertelt Litjens.
Hy wol dêr trije doarpen by belûke dêr't yn de neisleep fan LF2018 útwikselingen tusken jongelju mei plakfûnen. It giet om Hopovo (Servië), Praputnjak (Kroasië) en Zapyskis (Litouwen): út elts fan de doarpen moatte 50 ferhalen helle wurde.
"De ôfrûne fiif jier ha wy in soad kontakt hân, der binne al sjoernalisten yn dy doarpen dy't wat ûndersyk dien ha. It idee is dat dy minsken dêr dogge wat wy hjir yn Fryslân dien hawwe." Dat betsjut dat Litjens sels dy kant net op hoecht: "Ik bliuw moai yn Fryslân."
De bedoeling is dat it projekt yn 2024 úteinset en dat de ferhalen yn 2025 by de folgjende edysje fan de kulturele manifestaasje Arcadia presintearre wurde.
It doarp entûsjast krije
Neist de trije bûtenlânske doarpen moat der ek wer in Frysk doarp oan taheakke wurde. Litjens siket dêrom noch in doarp, of better sein: in Fries dy't ree is om de karre te lûken. Dy persoan moat in kontaktpersoan foar de organisaasje wêze, mar ek de 'betrouwenspersoan' dy't it doarp entûsjasmearje kin.

By Feanwâldsterwâl wie dúdlik dat Litjens dat sels wie: hy wie ommers opgroeid yn it doarp. Hoewol't er dêr al net mear wenne, krige er sa wol 'it foardiel fan de twivel', sa't er dat sels neamt.
Elts libben is in boek wurdich.
Oft der wol genôch nije ferhalen op te tekenjen binne, dêr sit Litjens net oer yn. "Elts libben is in boek wurdich", seit hy. It idee foar in ferfolch op 'Iepen Doar(p)' libbe al langer, mar troch corona kaam it efkes op de planke te lizzen.
As it finansierjen fan it projekt slagget, hopet Litjens sjen te litten wat fan mienskiplike wearde is foar it doarp, oft it no yn Praputnjak of earne yn Fryslân is.
"Wy hoopje dat dit projekt begryp, mar ek fernuvering en ferbining teweechbringt. Ferskate portretten fan Iepen Doar(p) binne al ris oerset en sjen litten yn Kroäsië en Servië. De ûnderfining dêr wie dat der in soad werkenning wie. It soe moai wêze dat we dat mei sa'n Europeesk projekt ek dwaan kinne."
Nij Frysk doarp
Njonken de ferhalen út Kroäsië, Servië en Litouwen wol Litjens ek yn in oar Frysk doarp ferhalen sammelje. "Wy sykje dêr noch in doarp foar, in doarp dêr't wy dit kear de doarren wer iepenje kinne. In doarp mei in moaie mienskip, dêr't wy dan ek 50 ferhalen helje."