Sels ferjeie mei de tromboane wurket net: oerlêst roeken op It Hearrenfean rint út de hân

Sliepproblemen, bewenners dy't ferhúzje en oaren dy't de ruten isolearje. Yn Hearrenfean-Noard hawwe se harren nocht fan de oerlêst fan in grutte roekekoloanje yn it Hepkemabosk.
It lûd fan de fûgels giet de hiele dei troch, mar beskerme fûgels meie je net samar ferjeie. De oerlêst fan de fûgels hat grutte ympakt op it deistich libben en de sûnens, sizze de minsken de buert.
Al om 4 oere moarns
"Ik woon hier nu 25 jaar en vanaf het eerste moment zijn de roeken hier aanwezig", seit buertbewenner Siebrand Hensen. "We hebben er behoorlijk last van. Je hoort de herrie en dat begint al als het licht wordt."
"Mijn vorige buren zijn daarom verhuisd", seit er. "Want als je graag met de ramen open slaapt en om vier uur 's ochtends al wakker wordt, dan is dat niet leuk. Zij zijn verhuisd naar een dorpje waar geen roeken zijn." Sels hawwe de Hensens rollûken pleatst by de sliepkeamersruten en dat skeelt.
Op It Hearrenfean hawwe se lêst fan roeken
Heleen Kamphuis hat der ek lêst fan. "Ja, verschrikkelijk. Ik klap weleens in mijn handen om ze te verjagen, maar het is soms net als de film Birds van Hitchcock. En ik heb ook wel eens mijn trombone gepakt. Dan werd ik vreselijk uitgelachen. Ze gingen wel even weg, maar ze kwamen ook weer terug."
200 nêsten
Oaren besochten it mei laserpinnen of klappen mei it deksel fan de kliko. Mar neat helpt echt. De koloanje wurdt alle jierren grutter. Buertbewenners tinke dat der no sa'n 200 nêsten binne. Yn it briedseizoen is it lûd it slimst. Se wolle dat de gemeente Hearrenfean der wat oan docht. Dêrom hawwe se maild en brieven skreaun.
De partij Heerenveen Lokaal nimt it foar se op en hat fragen oer it probleem steld oan it kolleezje fan B&W. Der is al jierrenlang oerlêst. Dat is in enoarme belêsting fan it libbensgenot, seit Listlûker Age Hartsuiker.
"Wykbehear docht syn uterste bêst om hjir wat oan te dwaan, mar dy mei mear net as wol." Dêrmei doelt Hartsuiker op de regeljouwing fan flora- en faunawetten. Wol binne der nêsten weihelle út de rigen beammen it tichtst by de huzen. Dat is arbeidsyntinsyf en tiidslinend wurk.

Hartsuiker hat der as âld-wethâlder earder mei te krijen hân. "Wannear't jo der op tiid by binne, kin je in protte dwaan. En wolle jo in hiele koloanje ferpleatse, dan kostet dat tiid en ynset. It is net maklik, dat wit ik, mar der binne mooglikheden."
"Minsken kinst stjoere, fûgels net"
It giet om grutte operaasjes. Se kinne mei in alarmpistoal wurkje en nêsten ferpleatse. Bûten de regels om kin net. Mar wat dan wol, is de fraach. "Ik kin wol fertelle wat mooglik is: Je kinne de brânwacht pakke en dy spuit de nêsten út, mar dat is natuerlik bespotlik. Dat kin net", seit Hartsuiker.
"Dus ik wol fan it kolleezje witte wat mooglikheden binne. It kolleezje is derfoar ferantwurdlik. Dy moat it wykbehear steune en romte jaan om hjir wat oan te dwaan. Minsken kinst stjoere, dizze fûgels net. Mei goed belied en in protte tiid kinne we sjen oft we dizze buert ûntlêste kinne."
Kamphuis besiket it noch mar ris mei de tromboane. Mar neidat it even stiller wurden is yn it Hepkemabosk, begjint it kraskjen fan de hûnderten roeken alwer.