Hûnderttûzen fans huldigje Sipke Hulshoff en Feyenoord: "Echt grandioas om mei te meitsjen"

Sportcast mei Sander de Vries © Omrop Fryslân
It is it hichtepunt fan syn karriêre: Sipke Hulshoff waard snein as assistint-trainer fan Feyenoord kampioen fan de earedivyzje. Moandei waard de ploech huldige op de Coolsingel yn Rotterdam.
In grutte ferrassing wie it net mear, want de ôfrûne moannen makke Feyenoord de meast stabile yndruk fan de titelkandidaten. It besef dat it kampioenskip in reële opsje wie, krige Hulshoff in pear wiken lyn.
"Dat wie doe't we acht punten foar kamen op PSV", wit de Twizeler. "Dan ha je wol it gefoel dat it hast net mear misgean kin." Haadtrainer Arne Slot wurdt sjoen as de arsjitekt fan it sukses fan de Rotterdammers, mar hy skode ek syn assistinten prominint nei foaren by it titelfeest.

"Absolút hichtepunt"

Sa steapelje de hichtepunten yn de karriêre fan Hulshoff him op. Earder dit jier waard er al assistint-bûnscoach fan Ronald Koeman en no is er kampioen fan Nederlân. "Dit is it absolute hichtepunt", seit de 48-jierrige fuotbalcoach.
Nei alle gedachten wiene der moandei mear as hûnderttûzen fans by de huldiging fan Feyenoord op de Coolsingel. It besoarge Hulshoff pikefel. "It wie echt grandioas om mei te meitsjen. Dan sjochst wol hoe grut dizze klup is."
Nettsjinsteande it lykspul tsjin Excelsior (0-0) makket sc Hearrenfean noch altyd kâns op de play-offs om Europeesk fuotbal. It duel fan sneontejûn wie de twadde kear dat Kik Pierie werom kaam yn it Abe Lenstra Stadion as spiler fan de tsjinstanner.
Tolve jier spile Pierie yn de jeugdoplieding en it earste by de Feansters. "Het was bijzonder om daar weer terug te zijn", fynt de 22-jierrige sintrumferdigener.

Genietsje

"Het was wel raar om daar in een ander shirtje te staan bij het Fries volkslied. Ik betrapte mezelf erop dat ik een zinnetje mompelde, maar toen heb ik snel mijn mond gehouden", laket Pierie, dy't troch Excelsior hierd wurdt fan Ajax. Dêr stiet er noch ien jier ûnder kontrakt.
Nei in lange perioade fan blessueres spilet er no wer wykliks. En dêr stiet Pierie mear by stil as oars. "Het is echt zo fijn om weer te spelen. Ik geniet nu nog meer dan ik ooit heb gedaan."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.