Friezen freegje om Lelyline mei 'foldwaande opstapplakken' en sa min mooglik skea foar de natuer

De ynwenners fan Fryslân en Grinslân dy't meidiene oan de 'Burgerraadpleging Lelylijn' binne posityf oer in bettere spoarferbining mei de Rânestêd yn de foarm fan de Lelyline. Tagelikertiid fine de minsken it wichtich dat natuer en lânskip sa min mooglik te lijen ha fan de nije spoarline.
Ek moatte Fryslân en Grinslân foaral de eigen identiteit bewarje en gjin ferlengstik fan de Rânestêd wurde. Dat binne in pear opfallende útkomsten fan de Lelylijnraadpleging fan de Rykoerheid en de noardlike provinsjes. Mear as 11.000 ynwenners hawwe meidien oan de online boargerkonsultaasje.
It giet om in eksperimint, want net earder hat de Ryksoerheid besocht om de ynwenners al sa betiid by in grut projekt op it mêd fan ynfrastruktuer te belûken.
Wat is in 'Participatieve Waarde Evaluatie?'
De 'Burgerraadpleging Lelylijn' wie gjin poll om te hifkjen hoefolle minsken der no krekt foar of tsjin de oanlis fan de Lelyline binne, mar in saneamde Participatieve Waarde Evaluatie (PWE). De fraach of minsken foar of tsjin de oanlis binne waard yn dit online-ûndersyk mei sin net steld.
Wol wie der romte foar eigen opmerkingen fan dielnimmers. Dat smiet ferskate krityske kanttekenings op. Guon dielnimmers oan it ûndersyk joegen oan dat se it mar nuver dat it Ryk in flugge spoarline oanlizze, wylst út guon doarpen it lêste iepenbier ferfier ferdwynt.
Steatssiktaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastrukteur en Wettersteat is bliid mei de útkomsten. "Het is van onschatbare waarde om de keukentafel te verbinden met de tekentafel. Ik vind het heel belangrijk om te weten wat inwoners willen, wat ze verwachten en waar hun zorgen zitten. Ik zal deze uitkomsten dan ook zeker meenemen in de verdere uitwerking van de plannen."
Mear haltes
In oare nijsgjirrige útkomst is dat Friezen en Grinslanners oanjouwe dat se it wichtich fine dat de flugge spoarline nei Grins én Ljouwert ûnderweis op genôch plakken stil hâldt. In soad minsken jouwe oan dat se fiif halteplakken tusken Amsterdam en Grins of Ljouwert in moai oantal fine, ek al wurdt de spoarferbining dêrtroch wat minder fluch.

Foaral Friezen jouwe oan dat se in pear halteplakken yn Fryslân wichtich fine. Plakken dy't faak neamd wurde as halteplak binne Lelystêd, Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten. De Lemmer of De Lieke yn it Grinslanner Westerkwartier soene opsjes wêze kinne foar in fyfde halteplak. Friezen en Grinzers sjogge net folle yn in superflugge trein dy't tusken Amsterdam en Grins (of Ljouwert) mar op ien plak stoppet.
Kommissaris fan de Kening René Paas fan Grinslân hat syn gearfetting fan de útkomsten al klear. "Een snelle Lelylijn met respect voor de natuur en behoud van de regionale identiteit kan wel eens dé verbinding worden tussen het Noorden en de rest van Nederland, en vice versa."
Dit fine Friezen wichtich as it giet om de Lelyline
De plannen foar de Lelyline wurde de kommende tiid fierder útwurke troch in aparte projektorganisaasje. Der komt ek noch in berikberheidsûndersyk dat ferskate alternativen ûndersiket en in ûntwikkelstrategy foar it hiele gebiet.
1900 Fryske dielnimmers
De 'Burgerraadpleging Lelylijn' stie op in spesjaal dêrfoar boude webside. Yn prinsipe koe elts dy't dat woe oan it ûndersyk meidwaan. Sa'n 11.000 minsken hawwe fan dizze mooglikheid gebrûk makke. De helte dêrfan binne ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte en de oare helte ynwenners fan de 9 oare provinsjes fan Nederlân.
Der hawwe sa'n 1900 Friezen meidien oan it ûndersyk. It wiene benammen Friezen dy't oanjoegen dat natuer en lânskip gjin of sa min mooglik skea hawwe moat fan de nije spoarline. Ek wolle de measte Friezen dy't meidiene dat de trein op ferskate plakken yn Fryslân stoppet, sadat Friezen ek gebrûk meitsje kinne fan de spoarline, as dy der komt.
It is it doel fan Ryk en regio yn it neijier fan 2024 yn oerlis in foarkarstrasee fêst te stellen en dêr de byhearrende finansiering foar te finen. Der moat dan ek mear dúdlikheid wêze oer de kosten fan de 125 kilometer lange spoarline fan Lelystêd nei Grins en Ljouwert oer Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten.
TEN-T-netwurk
It Ryk hopet ek op in finansjele bydrage fan de Europeeske Uny. Dat is mooglik, omdat de Lelyline opnommen wurdt op de Europeeske routekaart fan it ynternasjonale TEN-T-netwurk.

It is dêrfoar wol wichtich dat de spoarferbining net ophâldt yn Grins, mar as flugge ynternasjonale trein trochrydt nei Bremen. Ferskate dielnimmers oan de online enkête jouwe oan dat se in bettere spoarferbining fan Noard-Nederlân mei Dútslân, en, yn it ferlingde dêrfan Skandinavië, like wichtich fine as in flugge trein nei de Rânestêd.
Neffens direkteur Stijn Lechner fan de projektorganisaasje kin it noch wol in moai skoft duorje ear't de Lelyline der ek echt leit. Sels yn it gefal dat it Ryk takom jier beslút om de spoarline oan te lizzen kin it noch samar tsien jier duorje foardat de skeppe om de Lelyline oan te lizzen ek echt yn de grûn giet.