Koperstellerij by spoarbrêge Akkrum leit treinferkear oeren plat

Der is koper stellen fan de spoarbrêge yn Akkrum. Dêrtroch hat der moandeitemoarn oeren gjin treinferkear mooglik west tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Oannimmer Strukton hat oanjefte dien.
"Er is koper gestolen van een brugdeel", befêstiget Mirjam de Witte, wurdfierder fan ProRail. "De schade is maandagmorgen vroeg ontdekt, de koperdieven hebben we niet aangetroffen."
Der binne kabels stellen dy't by it spoar hearre en derfoar soargje dat de seinen fan in brêge op read komme te stean. Dêrom koene der fjouwer oeren gjin treinen oer it spoar ride. In treinlieder fûl de stellerij op trochdat der op in skerm like dat it brêgediel beset wie wylst der gjin trein riedt.
Yntusken is de brêge wer makke en ride de treinen wer. ProRail seit dat der maatregels nommen wurde om derfoar te soargjen dat it net wer barre kin yn Akkrum.