Klokken fan de Paulustsjerke fan Aldtsjerk kinne wer let wurde

De ynwenners fan Aldtsjerk hawwe it lûd fan de klokken fan de Paulustsjerke yn it doarp wer werom. Nei in moanne lang stilte troch wurksumheden wurde de klokken moandei wer yn gebrûk nommen.
Der moast it ien en oar dien wurde oan de klokken, fertelt Arjen van der Schaaf fan stichting Behâld Monuminten Tytsjerksteradiel. "Oan de klokken sels mankearre net iens sa'n soad, it siet him benammen yn de ophingkonstruksje."
De Rijksdienst Cultureel Erfgoed (RCE) hat de stichting doe advisearre om de konstruksje oer te dwaan. "Der siet earst in krukas yn. De RCE joech ús it advys om werom te gean nei de oarspronklike rjochte as. Dat betsjut ek wer in oare klepel. Mar it is in mei-inoar in plaatsje wurden."
Ekstra kosten
Earst wie it idee om ûnderhâld dwaan te litten oan de klokken. Dat de ophingkonstruksje ferfongen wurde moast kaam de stichting wat oer it mad. "Wy wienen dwaande mei ûnderhâld en doe kamen de rustjende bûgels der noch by."
"Mei tank oan de stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen ha wy dêr sponsoaren foar fûn. Sy ha mei-inoar it bedrach foar de nije assen opbrocht. Wy binne wol skrokken, mar wy nimme se hiel graach wer yn gebrûk."
De klokken wurde moandeitemoarn foar it earst wer let. "Wy binne tige bliid mei dizze bysûndere dei, dus wy sille de klokken ek op in bysûndere wize yn gebrûk nimme."
Troch de nije konstruksje is it lûd no wol wat oars. Se klinke no "wat leafliker", sei in buorfrou al tsjin Van der Schaaf. Krekt dat nije lûd is hoe't de klokken eartiids neffens Van der Schaaf ek hearden.
RTV NOF seach yn april by de wurksumheden oan de Paulustsjerke: