Skorsing fan healjier nei slaanderij op fuotbalfjild yn Bûtenpost

Bûtenpost-ferdigener Edwin Schaafsma en âld-ynternasjonal Wesley Sneijder © Orange Pictures
In spiler dy't belutsen wie by slaanderij nei in wedstriid yn Bûtenpost, mei it kommende healjier net mear fuotbalje. Dat meldt RTV NOF.
It giet om in spiler fan de fjirdedifyzjonist DHSC. Doe't dy ploech ein april by VV Bûtenpost te gast wie, ûntstie der slaanderij.
Der wurdt noch hieltyd ûndersyk dien nei wat der krekt bard is, mar dochs is der oan de belutsen spiler in skorsing oplein. Hy soe in spiler fan Bûtenpost knock-out slein ha. It slachtoffer hat dêr in brutsen noas en in swiere harsenskodding oan oerholden.
Ferslachjouwer Johannes Douma (RTV NOF) seach live op de radio dat de fjochtpartij ûntstie
De beide klups fertelle in folslein oar ferhaal oer wat der krekt bard is op it fjild. Neffens de Utrechtenaren soene de spilers en it publyk fan Bûtenpost begûn wêze, en soene sy allinnich mar út selsferdigening hannele hawwe.
Bûtenpost lit witte dat der hielendal gjin publyk op it fjild wie, en dat de spilers de skiedsrjochter helpe woene doe't dy te krijen hie mei lilke gasten.
De plysje hat de saak yn ûndersyk, en it fuotbalbûn KNVB ek.