Partoer Johannes van der Veen ferrast mei winst yn Menaam

Johannes van der Veen, Kevin Jordi Hiemstra en Jorn Lars van Beem © Dijks Fotografie
Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra ha de twadde frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn de finale ferrasten se Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra mei 5-4 en 6-6.
Foar Triemstra en Zijlstra like it in geweldich wykein te wurden: sneon pakten se mei Corné Tuinenga al de winst by de trochelkoarlotterspartij yn Easterlittens en yn Menaam wienen se de favoryt yn de finale.
Mar Van der Veen-en-dy lutsen har der neat fan oan. Se namen al gau in foarspronkje en bouden dy yn de rin fan de wedstriid út. Van der Bos kaam werom oant 5-4, mar op 6-6 wie it dochs klear.
Dêrmei giet de oerwinning op de Gouden Willempartij ferrassend nei Van der Veen en syn maten.
Erwin Zijlstra baalt, Kevin Jordi Hiemstra fiert © Dijks Fotografie
Op de earste list wûnen se fan Auke Boomsma, Tsjerk Elsinga en Jan-Tymen Eisma. Nei in steand nûmer wienen se dêrmei al wis fan de heale finale. Dêryn kamen se op in 5-3-achterstân tsjin Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma, mar fia 5-5 en 6-2 pleatsen se har dochs foar de einstriid.

Perfekt wykein Tuinenga en Monfils

By it trochelkoarlotsjen foar froulju yn Goaiïngea gie de oerwinning nei Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Jennie Terpstra. Sy wûnen mei 5-3 6-6 fan Annelien Broersma, Corrie Kroondijk en Marrit Zeinstra.
Foar Tuinenga en Monfils betsjut it twa oerwinningen yn twa dagen, want se wûnen sneon mei Marrit Zeinstra as achterynse al de frijeformaasjepartij yn Easterlittens.