Aris útskeakele nei opnij ferlies yn overtime tsjin Leiden

David Collins fan Leiden ferdigenet Aris-spiler Keevan Veinot © Orange Pictures
De basketballers fan Aris binne útskeakele yn heale finale fan de nasjonale play-offs. Yn Leiden wie de thúsploech nei overtime mei 98-94 te sterk.
Leiden hie de earste twa wedstriden yn de best-of-five-searje ek al wûn en pleatst him dêrom foar de finale.
Dat Aris en Leiden oan elkoar weage binne, waard de foarige twa wedstriden ek al dúdlik. Woansdei wûn Leiden nei overtime yn eigen hûs, freed gie it ek hast de hiele wedstriid lyk op, oant healwei it fjirde kwart.
It earste kwart smiet no ek wer gjin grutte ferskillen op, mar dêrnei naam Aris de toutsjes yn hannen. Fan 21-19 yn it foardiel fan Leiden waard it 26-37. Aris bleau lang op foarsprong, mar bytsje by bytsje kaam Leiden wol werom.

Wer overtime

Betiid yn it fjirde kwart wie de wedstriid omdraaid en stie de thúsploech foar, al bleaune de ferskillen lyts. Aris stie mei minder as fiif minuten te spyljen fjouwer punten foar, mar skoarde doe twa minuten lang net. Dochs liken de Ljouwerters flak foar tiid te winnen, doe't Kahron Ross der alve sekonden foar tiid 79-81 fan makke. It wie net genôch, want Stan van den Elzen sette Leiden mei noch twa sekonden te gean op likense hichte.
Yn overtime naam Aris in foarsprong fan fjouwer punten, mar dêrnei makke Aris sân punten op rige. De Ljouwerters kamen noch werom oant 90-89, mar mei twa kear balferlies yn de slotfaze kaam de kâns net mear om de stân lyk te lûken.
Topskoarer oan de kant van Aris wie Keevan Veinot mei 26 punten.

No yn BNXT play-offs

De útskeakeling betsjut net dat it seizoen no foarby is foar Aris: de Ljouwerters geane no fierder yn de BNXT play-offs. Dêr dogge Nederlânske en Belgyske ploegen oan mei. Aris streamt yn de tredde ronde yn en nimt it dêryn op tsjin Charleroi.