Ultee hold rekken mei drege wedstriid; nije doelman wie gjin opsje

© Orange Pictures
Trainer Sjors Ultee hold rekken mei in drege wedstriid tsjin Vitesse. Dat sei er nei ôfrin.
"We gaan hier naartoe na de klap van de degradatie, en spelen tegen een tegenstander die enorm gebrand is", seit Ultee. Cambuur ferlear mei 2-0.
Sjors Ultee: "Doelpunten zijn het probleem"
It wie it bekende ferhaal: in skoft lang hiel behoarlik meifuotbalje, mar nei in tsjinslach dochs ferlieze. Dit wie de achtste nederlaach op rige.
Doelpunten binne it probleem, seit Ultee. Se wurde te min makke, en te maklik fuortjûn.

Doelman út Warkum

In nije doelman bringe wie dizze wedstriid gjin opsje, seit Ultee, ek al siet de Warkumer Brett Minnema op de bank.
"Die gaat dit seizoen nog wel minuten krijgen, maar een keeper brengen moet je op het goeie moment doen." Ultee hold rekken mei in swiere pot. Cambuur spile om neat, wylst Vitesse noch alles te winnen hie.
Brett Minnema © Orange Pictures
"Je kunt makklijk roepen dat we niets te verliezen hebben", seit Ultee, "maar stel dat we een mindere dag hadden gehad, en we kregen met 5-0 op de broek: dat is geen debuut voor een keeper."
"Je moet als trainer heel zorgvuldig zijn met een debuut. zeker van een keeper, en dan ben ik liever degene die te voorzichtig is, en Brett beschermt, dan degene die zegt dat er niets meer te verliezen is."
"Ik kan wel te gretig zijn, of teveel willen, maar ik ben liever te voorzichtig dan één dag te vroeg."

Fuotbalje

Ek al wie der neat mear te heljen, middenfjilder Mees Hoedemakers sjocht in seleksje dy't alle wedstriden wer 'volle bak' jout. Dat docht er sels ek, seit er.
"Deze wedstrijd gaat nergens meer om, dat is jammer, maar je staat er toch. Voetballen, dat is wat je het liefste doet.
Mees Hoedemakers: Dit is het verhaal van het seizoen
Oan de ein fan dit seizoen giet Hoedemakers fuort út Ljouwert, hy hat in kontrakt tekene by NEC. Sa'n kânsleaze degradaasje is net it ôfskied dat er foar eagen hie.
"Dit is heel lastig. Kijk: ik heb hier drie prachtige jaren meegemaakt. We hebben alle records gebroken die er waren. Voor mij is het lastig om het zo af te sluiten, en voor de supporters is het nu ook lastig om de goeie jaren te zien."

Doelpunten

Hoedemakers is gjin spits, mar hy wit wol wat der mis gie dit seizoen. As je winne wolle, moatte je doelpunten meitsje.
"Als je scoort, dan krijg je zo'n boost, weet je wel, en dat heb je nodig om te groeien in de wedstrijd. Als een doelpunt uitblijft, en zij scoren wel, dan is dat een klap. Dan krijgen zij die boost. Dat is doodzonde."
"Dat is het verhaal van dit seizoen."
Noch twa kear kin Hoedemakers útkomme yn it giel-blau. "Ik heb in dit shirt altijd alles gegeven. Dat zal ik de laatste twee wedstrijden ook doen, als ik erin sta. Zo ben ik gewoon. Dat zal ik altijd doen."