Kees Verdonk en Carolien de Jong binne nei niertransplantaasje ferbûn yn hert en nieren

Kees Verdonk en Carolien de Jong © Omrop Fryslân, René Koster
Nierpasjinten moatte faak jierren wachtsje foardat der in geskikte donornier foar harren beskikber is. De helte fan harren komt te ferstjerren wylst se op de wachtlist steane.
Petra, de frou fan Kees Verdonk út Rie betocht dêrom wat oars. Se pleatste in oprop foar in donor op Facebook. Dat die fertuten.

Acht oeren oan it dialyze-apparaat

Verdonk hie de sykte fan Wegener, in auto-ymmúnsykte mei akút nierfalen as gefolch. Hy oerlibbe it mar krekt, mar moast wol sân dagen yn 'e wike, acht oeren deis oan it dialyze-apparaat. Syn eigen nierfunksje wie noch mar sa'n 4 prosint. Nei in jier 'stabyl siik wêzen', waard hy geskikt ferklearre foar in transplantaasje.
Yn eigen kring wie der lykwols gjin nier beskikber en fia de wachtlist kin it wol sân jier duorje foardat je oan bar binne. Dêrom pleatste Petra, de frou fan Verdonk in oprop op Facebook.

"Ik deel graag met anderen"

Boerinne, hynstepensjonhâlder en hoefbekapper Carolien de Jong (35) fan De Gaastmar lies it berjocht en reagearre noch deselde dei. "Wat heftig! Wat voel ik me dankbaar dat ik zo'n gezond lichaam heb. Misschien kan ik helpen."
Se heakke deroan ta: "Ik ben een aangrijper, een levensgenieter, een optimist en ik deel graag met anderen." Efterôf fertelt se it logysk te finen om sa spontaan te reagearjen. "Als je op zo'n moment dat het je raakt niet meteen actie onderneemt, blijft het bij een wens of een voornemen. Dus heb ik mezelf een aantal belangrijke vragen gesteld die ik allemaal met ja kon beantwoorden."
Sa ûntstie der gau kontakt, kaam der begelieding fan it UMCG-sikehûs op gong en koe - ek fanwege in medyske match - ynset wurde op in transplantaasje fan in sûne nier fan De Jong om Verdonk te rêden.
Het afstaan van een nier voelt als een cadeau aan mezelf. Het is een soort zegen dat ik dit mag doen.
Carolien de Jong
De Jong hat gjin momint spyt hân fan har beslút. "Ik had meteen het gevoel dat het me meer ging opleveren, dan dat het me zou kosten. Sterker nog: het voelt als een cadeau aan mezelf. Het is een soort zegen dat ik dit mag doen."
Verdonk is tankber en stelt dat hy syn libben oan har te tankjen hat. De Jong giet eins noch fierder troch te stellen dat Verdonk de belangrykste man yn har libben wurden is. "Voor altijd". Verdonk: "Ja, eigenlijk zou ik moeten zeggen dat zij de belangrijkste in mijn leven is. Qua gezondheid en medisch-technisch is dat ook 100 procent waar. We hebben een perfecte match!"

Bloeddonor

Kees fielt him wolris wat skuldich nei oare nierpasjinten ta. Hy krige al binnen in pear jier in nije nier, wylst der sa'n soad noch op de wachtlist stean. "Ik gun iedere patiënt een nieuwe nier. Al kan ik die zelf niet geven, ik wil er wel alles aan doen door bijvoorbeeld goede informatie te geven via het delen van ons verhaal."
Kees Verdonk en Carolien de Jong © Omrop Fryslân, René Koster
"Ook als het doneren van een nier voor iemand geen optie is, dan kan er misschien op een andere manier worden geholpen", giet hy fierder. "Bijvoorbeeld als bloeddonor. Want zonder donorbloed had ik de ziekte in de eerste fase sowieso al niet overleefd en was ik dus ook nooit aan een transplantatie toegekomen."
Ik heb nu een soort keizersnee gehad en iemand het leven gegeven.
Carolien de Jong
De Jong sjocht eins oeral in symbolyk yn. "Kees heeft geen kinderen en ik heb geen eigen kinderen. Toch heb ik nu een soort keizersnee gehad en iemand het leven gegeven. Ik plant me voort in de vorm van een 53-jarige man. Dat heeft voor mij als vrouw waarde, maar ook als moeder die geen biologische kinderen heeft gebaard."
"Ik mocht zo toch iemand het leven geven en dat heeft een waarde die niet te omschrijven is", stelt se. "We willen graag dat bij orgaandonatie de angel van angst en onwetendheid eruit gaat. Ik ontmoette iemand die doodziek was. Nu zit ik naast een sterke kerel die weer heel veel waarde creëert in z'n leven. Er is tussen Kees en mij letterlijk een hechte band in hart en nieren. Het klopt gewoon."
Mear ynformaasje oer nierdonaasje by libben is te finen op de websiden fan it UMCG en de Nederlandse Transplantatie Stichting.
It ferhaal fan Kees Verdonk en Carolien de Jong yn Buro de Vries
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.