Grutskalich eksperimint by Haskerdiken: kinne patatbakjes groeie op Fryske feangrûn?

© ANP
It is in unyk eksperimint: noch noait is besocht om op sa'n grutte skaal tuorrebouten te kweken.
Tuorrebouten kinne ûnder oare brûkt wurde as grûnstof foar patatbakjes. Se binne ek goed foar de natoer, mar it is noch net mooglik om se op grutte skaal te kweken. In bedriuw út Haskerdiken wol dat feroarje.
Tuorrebouttylt as fertsjinmodel: yn Haskerdiken dogge se it sa
Der is fanalles te betinken, seit Janna van der Meer fan it bedriuw. "Kinst der net allinne patatbakjes fan meitsje, mar ek bou- of isolaasjemateriaal. Kinst se ek ferhakselje en brûke as struisel yn de stâl, of brûke as potgrûn."
De plant groeit yn wiete feangrûn. Dêrom binne der in protte boerebedriuwen dy't it net oan doarre, seit saakkundige Ella de Hullu. "Er zijn nog een heleboel boeren die hier niet aan toe zijn. De stap om je perceel onder water te zetten, is best een hele grote."
It kweken fan tuorrebouten is goed foar de natuer. Trochdat de feangrûn wieter wurdt, is der minder sprake fan oksidaasje: dêrtroch ferminderet de útstjit fan broeikasgassen en hâldt de boaiemdelgong op. Boppedat soarget de plant derfoar dat it wetter skjinner wurdt.
It bedriuw fan Van der Meer hat ien bunder lân ynsiedde. Mei de hân. De siedsjes giene yn in gieter mei wetter, en sa binne se ferspraad oer it fjild.
Eins is it tefolle wurk om dizze metoade op grutte skaal ta te passen. seit De Hullu. "Stap één is natuurlijk dat we overgaan van het planten van zaden naar het zaaien van zaden."
"Als je ze kunt oplossen in water, dan kan je ze ook mechanisch gaan verspreiden. De vraag is of dat lukt."
Janna van der Meer (rjochts) op har stik lan © Omrop Fryslân, Esther Leystra
As de siedsjes ienkear útkomme, begjint it pas echt, seit Van der Meer. It leverjen fan konstante kwaliteit is in soarch. Mar guozzen binne ek in probleem. "We sitte hjir yn in guozzegebiet, en dy hâlde wol fan sokke lytse plantsjes."
"Wy kinne hjir net dei en nacht rinne om se hjirwei te reagjen."

Kij rinne litte?

Resultaten fan de proef moatte útwize oft it telen fan de tuorrebouten rendabel genôch is, seit Van der Meer.
"We tinke wol dat it takomst hat, mar hoelang't it duorret en wannear't je der echt oan fertsjinje, dat witte we net. Dat is fansels ek it lestige, want ast altyd jild fertsjinje wolst, kinst it bêste gewoan kij melke."