Hearrenfean moat him wer oppakke foar lêste wedstriden nei lykspul: "Iedereen ontevreden"

© Orange Pictures
Nei in lykspul tsjin Excelsior wurdt it foar Hearrenfean dreger om de play-offs te heljen. De ploech hat it net maklik nei de winterstop, hielendal yn thúswedstriden.
Trainer Kees van Wonderen hie sneon ek leaver nei in oare soart wedstryd sjoen: "Dit is niet wat je wil zien, daar is iedereen ontevreden over, wij ook."
Dat it in draak fan in wedstriid wie, is Van Wonderen it wol mei iens. Wêr dat dan oan leit? Dat is dreech te sizzen: "Ik denk dat het niet ligt aan onwil bij de jongens. Ze doen hun best en willen graag, maar vandaag was het wel een draak van een wedstrijd, ja."
Van Wonderen: "Iedereen ontevreden"
De ploech kaam dreech troch de ferdigening van Excelsior hinne. Dêr wienen sy op taret, seit Thom Haye, mar de útwurking fan dat plan foel net sa lekker. "Als er een ding is dat je niet moet doen is het spel vertragen en de bal aan een kant te houden."

Earder oppakke

Dat wie wol wat der yn de earste helte barde, en dêr baalt de middenfjilder fan: "Het duurt dit seizoen gewoon best wel lang voordat we dingen oppakken in een wedstrijd in plaats van dat we ze zelf herkennen en in het veld corrigeren."
Haye: Het duurt dit seizoen best lang voordat we dingen oppakken
Ek ferdigener Jeffrey Bruma, dy't foar it earst yn tiden wer yn de basis spilet, is net te sprekken oer it spul fan syn team. "We hebben wel gestreden maar je moet hier gewoon winnen. We wisten dat het een stroef team was en het dus aan ons was het om ze kapot te spelen, dat is niet gelukt."
De Rotterdammers wiene benammen sterk op de counter, en kamen faak fier de helte fan de Feansters yn. "We moesten eerder de bal veroveren, al op de middenlijn, feller verdedigen", seit Bruma.

Flok op thúswedstriden?

Nei Vitesse, Grins en Cambuur is Hearrenfean de ploech dy't de minste punten út thúswedstriden pakt. Van Wonderen besiket nei de winterstop om spilers troch te wikseljen op posysjes om te sjen wat wol en net wurket. "Je moet soms dingen zien en met je elftal aan de slag. Je bent continu jongens kansen aan het geven, om te kijken pakt dit goed uit, heeft de ploeg daar houvast aan."
Oft dat trochwikseljen effekt hawwe sil, sjogge wy miskien wol yn de takom twa lêste wedstriden fan it seizoen. Hearrenfean spilet noch tsjin PSV út en tsjin Go Ahead Eagles thús.
Jeffrey Bruma: We moesten eerder de bal veroveren