Loads ôffalbedriuw folslein ferlern gien by grutte brân Drachten

© SR Fotografie
In loads fan in ôffalbedriuw yn Drachten is folslein ferlern gien by in grutte brân. De brânwacht hat mei in kraan stikken fan de loads ôfbrutsen om der genôch wetter by te krijen.
De brân ûntstie sneontemiddei. Om kertier foar seizen hinne kaam de earste melding by de brânwacht binnen, mar doe't de earste wein oankaam sloegen de flammen al út it gebou.
Grutte brân by ôffalbedriuw Drachten
Neffens de brânwacht wie it te gefaarlik om de loads yn te gean: it fjoer hie de konstruksje ferswakke, en it dak hie samar nei ûnderen komme kind.
"As der noch minsken yn de loads west hiene, hiene we miskien in oare kar meitsje moatten, mar no koene we fan bûten blusse. Je moatte je ferstân brûke."
Der is net ien ferwûne rekke by de brân. Neffens de brânwacht binne der gjin gemyske stoffen frijkaam.
De oarsaak fan de brân is neffens de brânwacht dreech te achterheljen. "It fjoer ûntstie oan de kant fan de loads dêr't it ôffal lei. It liket der dus op dat it yn it ôffal ûntstien is."
Trochdat it in frijsteande loads wie, wie de sitewaasje neffens de wurdfierder frij gau ûnder kontrôle. Jûns om healwei tsienen hinne melde de brânwacht dat it sein 'brân master' jûn wie, mar sels doe moast der noch in flink skoft neiblust wurde.