Extinction Rebellion begjint estafette-aksje yn Ljouwert: "Klimaatcrisis dendert gewoan deur"

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Foar it earst organisearre aksjegroep Extinction Rebellion in grutskalige aksje yn Ljouwert. Op it Saailân stienen sa'n 200 minsken mei boerden fan trekkers of ferklaaid as ko. Sy protestearren sa tsjin de agraryske yndustry. It protest is troch de plysje rûn 17.30 beeinige om't de asjefierders net fuortgean woene.
De aksjefierders rûnen in protestmars by ûnder oare de Rabobank en Friesland Campina del. Dat binne neffens Extinction Rebellion bedriuwen dy't it besteande lânbousysteem yn stân hâlde.
"Wy hewwe 'n groate hoop stront en dy sille wy deponere met 't boadskip: rabo rúm dyn shit op. Sij motte gewoan stoppe met 't finansieren fan de agrobusiness en al helendal biolochys gaan. Dus de megastâlen en de hele groate boeren, wy hewwe in prinsipe niks tun biolochyse boeren, duurseme landbou."

Estafette

Wat de demonstranten dan wol wolle? Dat de bio-yndustry yn Fryslân der mei op hâlde sil: "Dus de megastallen en de hele grote boeren, wy hebben yn prinsipe neat tsjin biologyske boeren, duurzame landbouw."
Extinction Rebellion fiert aksje yn Ljouwert
De aksje is it startpunt fan in estafette fan aksjes. Ek yn bygelyks de Achterhoek en Noard-Brabân komme der protesten. "Wy fine 't belangryk dat 't ok in de provînsy Fryslân as landbouprovînsy dat der 'n ander geluud klinkt", seit Kuiken. Hy doelt hjir op de grutte winst fan de BBB by de Provinsjale Steateferkiezingen.

Fleantugen

Lânbou-studinte út Snits Jantine Mollema (16) stiet fan in lytse ôfstân te sjen nei it barren. Sy hat in trui oan mei 'no farmers no food' en is it dúdlik net iens mei de protesteerders.
"No ja als sy protestearje wolle is dat bêst mar sy moatte dan net seuren gean dat der aanst gjin iten mear is. Ik stean sels achter de boeren. It probleem fan stikstof leit echt net allinnich oan de boeren. Ik tink dat it mear troch de fleantugen komt. Ik fyn it nergens op slaan."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op de fraach oer it iten hawwe de protesteerders wol in idee. "Wy moatte ek eten mar je kinne hiel goed plantaardich libje, dêr hawwe je gjin fleis of suvel foar nodig", seit Kuiken.

Havermolke is net genôch

Extinction Rebellion ropt dêrom suvelfabrikant FrieslandCampina ek op om hielendal oer te gean fan dierlike nei plantaardige aaiwiten. "Ze graven hun eigen graf, het is of meegaan, of 'doeidoei campina'", sa seit biste-aktiviste Gaby Markandu.
It bedriuw docht al wol in stap yn de rjochting nei plantaardige produkten troch bygelyks hjouwermolke ('havermelk') te produsearjen, mar dat is neffens de demonstranten dus noch net genôch.

Klimaatcrisis wachtet net

De aksje is neist dat it rjochte is op de grutte bedriuwen ek bedoelt oerheden oan te sprekken op harren belied. Sa hat de provinsje Fryslân oanjûn ekstra tiid nedich te hawwen foar it oplossen fan de stikstofcrisis.
Kuiken: "Dat binne allegaar fan die weromtrekkende bewegings wylst de klimaatkrisis en biodiferzyteitskrisis - der het stikstof met te maken - die dendert gewoan deur, die wacht niet op polityke beslútten."