Ien persoan ferwûne by stekynsidint op De Gordyk, fertochte oanholden

By in stekynsidint op De Gordyk is ien persoan ferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
It ynsidint wie middeis om healwei trijen hinne. It slachtoffer rekke licht ferwûne.
De plysje hat ien fertochte oanholden. Mear ynformaasje is der op dit stuit net.