Magyske bylden by Skylge: algen kleurje see felblau

© Kappers Media
Nei in pear dagen fan waarm en rêstich waar lit de seefonk har yn de Waadsee en de Noardsee wer sjen. Yn de nacht fan freed op sneon wie it safier op Skylge. Troch de foarseine waarmte sil it ferskynsel de kommende dagen wer goed sichtber wêze.
Seefonk is in alch dy't troch in gemysk proses ljocht produsearret om fijannen ôf te skrikken, foar minsken is it organisme lykwols net gefaarlik. Omdat it minder swier is as wetter bliuwt it der op lizzen.
Sjoch hjir bylden fan seefonk op Skylge:
Seefonk