Liveblog
|
14 maaie
VC Snits lânskampioen follybal | Belgyske shorttrackers ferlitte Fryslân
- VC Snits is lânskampioen follybal wurden nei in 3-1 oerwinning op Utrecht;
- Sels mei in man mear kin SC Cambuur net winne fan Vitesse;
- De basketballers fan Aris binne útskeakele yn de nasjonale play-offs nei in soer ferlies fan Leiden.
Lêst bywurke: 14 maaie, 18:42
snein 14 maaie
18:42
Winst Van der Veen

Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra ha de twadde frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn de finale ferrasten se Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra mei 5-4 en 6-6.
17:43
Tuinenga wint yn Goaiïngea
It trochelkoarlotsjen yn Goaiïngea is hjoed wûn troch Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Jennie Terpstra.
Der stienen mar fjouwer partoeren op de list by de haadklasse. Sy keatsten earst yn in pûltsje, dus allegear in kear tsjinelkoar. Twa partoeren stutsen derboppe-út: dat fan Tuinenga en it partoer fan Annelien Broersma, Corrie Kroondijk en Marrit Zeinstra.
De finale tusken Tuinenga en Broersma gong oant 3-3 lyk op, mar doe naam Tuinenga ôfstân mei better opslachspul. Uteinlik waard it 5-3 en 6-6.
Foar Tuinenga en Monfils betsjut it twa oerwinningen yn twa dagen, want se wûnen juster mei Marrit Zeinstra as achterynse al de frijeformaasjepartij yn Easterlittens.
17:18
Finalisten Menaam bekend
It is in knap wykein foar Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Juster wûnen se mei Corné Tuinenga al de trochelkoarlotterspartij yn Easterlittens, no steane se mei harren fêste maat Gert-Anne van der Bos yn de finale fan Menaam.
Dêryn nimme se it op tsjin Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra. Dy kamen yn de heale finale werom fan in 3-5-achterstân tsjin Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma.
17:01
Danny Noppert ferliest
Darter Danny Noppert is op de Czech Darts Open net fierder kaam as de tredde ronde. Dêryn wie Peter Wright mei 6-3 te sterk.
16:33
Aris útskeakele yn play-offs
De basketballers fan Aris binne útskeakele yn heale finale fan de nasjonale play-offs. Yn Leiden wie de thúsploech nei overtime mei 98-94 te sterk.
16:11
Ultee hold rekken mei grutte ôfstraffing yn Gelredome
Trainer Sjors Ultee hold rekken mei in 5-0 nederlaach yn de wedstriid tsjin Vitesse. Dat sei er nei ôfrin fan de wedstiid.
"We gaan hier naartoe na de klap van de degradatie, en spelen tegen een tegenstander die enorm gebrand is", seit Ultee. Cambuur ferlear mei 2-0.